Lutz Jacobi: "Kombinaasje GrienLinks-PvdA hat it linkse blok leechfretten"

Lutz Jacobi © Omrop Fryslân

De ferkiezingsútslach lit sjen dat de kombinaasje fan GrienLinks en PvdA in "dearinnende wei" is, fynt PvdA-koryfee Lutz Jacobi. Yn in brief oan har partijgenoaten ropt sy op ta "besinning".

De mienskiplike list fan GrienLinks en PvdA hat gjin ekstra kiezers nei it linkse kamp lutsen, konstatearret Jacobi. Sterker noch, de 25 sitten hawwe de oare links-progressive partijen just leechfretten, fynt sy.

"Gjin dûk mear yn in pakje bûter"

"Wat gewoan allemachtich soarchlik is, is dat hiel links progressyf Nederlân mei sa'n 18 sitten lytser wurden is. Dan kinne je mei-inoar noch gjin dûk yn in pakje bûter slaan."

Begjin dit jier makke Jacobi al bekend tsjin in eventuele fúzje te wêzen. Yn augustus stapte Jacobi fanwegen de gearwurking mei GrienLinks sels út it haadbestjoer fan de PvdA. It plan is in "doodlopende weg", skriuwt sy no op 'e nij.

Dochs stimde by in referendum ûnder de leden fan beide partijen yn july in grutte mearderheid noch foar in mienskiplike kandidatelist. Fan de PvdA-leden wie hast 88 persint foar en fan de GrienLinks-leden stimde sels hast 92 persint foar.

Oare Fryske PvdA'ers fine de gearwurking just wol goed, lykas Habtamu de Hoop, dy't de read-griene kombinaasje sels yn syn trui weromkomme liet © Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar

De striid fan Jacobi like dêrmei in efterhoedegefjocht, mar dochs tinkt sy noch hieltyd dat in substansjeel part fan de efterban de kar foar in kombinaasjelist net folgje kin en dêrom ôfheakket. It plan foar in fúzje is in dearinnende wei, fynt Jacobi sels.

"Ik doch yn elts gefal de oprop: gean net rücksichtslos troch mei fúzje, kom ta besinning, want wy hawwe inoar nedich."

Mocht it echt ta in folsleine fúzje komme, dan wit Jacobi net oft sy har noch thús fielt by dy partij. "As sy fusearje tink ik net. Mar safier is it noch net. Myn oprop wurdt hiel breed stipe, sjoch ik. Dus litte wy earst yngeand mei-inoar oan de slach."

Listlûker Frans Timmermans baalde fan de ferkiezingsútslach © ANP

Jacobi tinkt net dat de ferkiezingsútslach allinne te witen is oan de prestaasjes fan listlûker Frans Timmermans. "Je moatte net ien persoan dêrop ôfrekkenje", seit sy dêroer. "Myn soarch is: jonges, yn Nederlân moatte wy wer nei links-progressyf."

Kampanje fiere út de driging fan rjochts wei

De kampanje hie neffens Jacobi op himsels wol in oare ynstek hawwe moatten. It 'feriene links' fierde neffens har kampanje mei it argumint 'meitsje ús de grutste, want oars driget in katastrofe op rjochts.'

Dy oprop hie neffens har effekt, ien op de trije GrienLinks-PvdA-kiezers soe neffens Jacobi in strategyske stimmer west hawwe. Dat soe ek betsjutte dat dizze kiezers eins de foarkar hawwe foar in oare partij, lykas SP, D66, Partij voor de Dieren of Volt.

Dat is alarmearjend, fynt Jacobi. "Dy strategyske stimmers fleane fan de iene nei de oare partij. Dus dat betsjut dat je net perfoarst sterker wurden binne", sa tinkt Jacobi. It binne 'gelegenheidssitten' dy't je sa ek wer kwytreitsje.

Gean no net as in stel lemmings troch mei fúzje. Tink net dat dat it walhalla is.
Lutz Jacobi

De ferkiezingsútslach joech Jacobi nei eigen sizzen pine yn 'e búk. "Myn oprop is: gean no net as in stel lemmings troch mei fúzje. Tink net dat dat it walhalla is. Kom ta besinning en sjoch foaral nei breed links Nederlân", seit sy.

Kiezers by it populisme weihelje

It links-progressive blok moat wer in boadskip krije, neffens har. "Dat moat minsken oansprekke, sa't minsken net nei populistyske partijen geane."

Jacobi sjocht de oplossing yn in polityk dy't wer tichter by de minsken stiet. "Dat begjint mei kandidaten út de regio's, dy't dúdlike efterbannen en in gesicht hawwe. Kandidaten dy't ek jier yn jier út yn de wiken en doarpen wat foar minsken betsjutte en sichtber binne. Net allinne yn kampanjetiid."

Fierder soe de Partij van de Arbeid wer mear oansluting sykje moatte mei de legere klassen, sa is Jacobi fan betinken.