Liveblog | 27 novimber 2023

112-nijs 27 novimber: Auto yn it wetter by De Feanhoop | Fertochte deasketten Freek (18) frijlitten

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 27 novimber 2023, 21:20
21:20

Skea oan mûne Holwert liket ta te fallen

De skea oan de Miedenmûne yn Holwert liket ta te fallen. De mûne fleach freed yn brân nei in bliksemynslach, mar it fjoer siet allinnich yn de nok fan it gebou.

Ald-mûnder Gjalt de Groot seit tsjin RTV NOF dat de skea tafalt trochdat der in sprinkler yn de mûne oanbrocht wie en ek it minne waar fan freed hat holpen. "It reid wie hielendal trochwiet, dus dat moast earst drûgje foardat it fjoer kâns hie om fierder te krûpen,"

20:41

Auto yn it wetter by De Feanhoop

De auto is út it wetter helle © SRFotografie

In automobilist is moandei fan de dyk ôf rekke en yn it wetter bedarre by De Feanhoop. De bestjoerder koe de auto sels ferlitte en soe net ferwûne rekke wêze.

Omstanners hawwe mei de help fan in shovel de auto út it wetter krigen.

17:21

Fertochte deasketten Freek (18) frijlitten, noch gjin nije oanhâldingen

It slachtoffer is fûn yn in tún oan de Baansingel yn Alkmaar © NH, Maaike Polder

De man dy't yn Alkmaar oppakt wie op fertinking fan belutsenheid by de dea fan de 18-jierrige Freek út de gemeente Waadhoeke is frijlitten. De 58-jierrige man is gjin fertochte mear, befêstiget de plysje oan regionale omrop NH.

Freek waard ferline wike dea fûn yn in tún yn Alkmaar. Der binne noch gjin nije oanhâldingen dien. "Of het wapen is gevonden, kan ik in belang van het onderzoek niet zeggen", seit in wurdfierder fan de plysje.

Der wurdt noch folop ûndersyk dien nei wat er him krekt ôfspile hat.

Blommen

Yn de strjitte yn Alkmaar dêr't Freek om it libben kaam, binne blommen dellein en berjochten efterlitten om him te betinken. "Rust in vrede, we houden van je", is te lêzen op in briefke.

© NH, Maaike Polder
16:24

Problemen op it spoar foarby

Tusken Grins en Ljouwert binne de problemen op it spoar alwer foarby. It treinferkear komt wer op gong.

15:43

Tsjinstregeling tusken Grins en Ljouwert fersteurd

Troch in defekte spoarbrêge is de tsjinstregeling tusken Grins en Ljouwert fersteurd. Dit duorret oant ûngefear 17.15 oere.

12:49

Ungelok op N31 by Drachten

© @OvD_Ron

Oan de noardeastkant fan Drachten stiet in eintsje file trochdat der in frachtwein en auto mei-inoar yn botsing kaam binne. Ien rydstripe is troch de plysje ôfsletten foar it ferkear. Der is ek in ambulânse op it plak, mar oft der minsken ferwûne rekke binne, is net bekend. De auto rekke fan de dyk ôf yn de berm. Likegoed de auto as de frachtwein rekke skansearre troch it ûngelok.