Fergeze moanne slacht oan yn Súdwesthoeke: fan 7.000 nei 35.000 museumbesikers

Besikers yn It Tsiispakhûs yn Wommels © Omrop Fryslân

In hiele moanne lang fergees troch allerhanne musea yn de Súdwesthoeke strune. Tûzenen minsken ha yn novimber al gebrûk makke fan de Open Museum Maand, dêr't 15 musea yn dy regio oan meidogge.

It inisjatyf foar de aksje komt fan VVV Waterland van Friesland, stipe troch de musea yn de regio en hûnderten ûndernimmers. Neffens direkteur Floriaan Zwart lûke de 15 musea dizze moanne sa'n 35.000 besikers. Dat is hiel wat yn ferliking mei de 7.000 fan ferline jier novimber.

It minne waar holp ek

Dat grutte ferskil komt troch de fergeze tagong, mar ek troch it minne waar fan de ôfrûne wiken. Benammen in soad minsken út de eigen regio witte de musea tige goed te finen.

"Het idee is: een maand lang gratis toegang voor inwoners en toeristen", leit Zwart út. "Het is een unieke actie die wij voor het eerst hebben georganiseerd. Vooral ook omdat wij na corona merkten dat musea het heel moeilijk hadden. Dat blijkt ook uit recente onderzoeken, de financiën staan onder druk."

De 'Open Museum Maand' yn de Súdwesthoeke docht fertuten

Om mear minsken te lûken, waard de 'Open Museum Maand' betocht. Ynwenners fan it súdwesten fan Fryslân en toeristen dy't yn de regio oernachtsje kinne fergees in weardebon fan ynternet delhelje of út de krante knippe.

As sy dy ynfolje en ynleverje by ien fan de 15 musea, dan meie sy de hiele moanne novimber sûnder te beteljen nei binnen.

Foarsitter Harry van Putten fan museum It Tsiispakhûs yn Wommels © Omrop Fryslân

Ien fan de dielnimmende musea is It Tsiispakhûs yn Wommels. Foarsitter Harry van Putten is bot te sprekken oer de ekstra besikers. "Normaal zijn wij in november al gesloten, dit is heel speciaal voor ons dat wij nu nog in het weekend open zijn."

"Drempelverlagend"

Yn It Tsiispakhûs sitte se yn novimber oant no ta op sa'n 450 besikers. "Deze actie werkt drempelverlagend", neffens Van Putten. "We horen heel vaak: we rijden of fietsen hier vaak langs, maar we zijn hier nog nooit binnen geweest. We krijgen deze maand een andere categorie publiek binnen. Normaal vaak 65-plussers, maar nu veel meer jongeren en gezinnen."

It Tsiispakhûs yn Wommels © Omrop Fryslân

Al dy ekstra besikers binne fansels tige wolkom, mar der moat fansels ek jild binnen komme. Kin it foar de musea wol út as eltsenien sa mar fergees nei binnen kin?

"Wij hebben een subsidie gekregen om dit te organiseren", fertelt direkteur Zwart van VVV Waterland van Friesland. "De musea krijgen daar een deel van. En de mensen geven ook nog vaak wat extra's uit in de musea als ze er eenmaal zijn."

De dielnimmende musea binne: Afsluitdijk Wadden Center, Bezoekerscentrum Mar & Klif, Cultuurhistorisch Centrum De Tiid, Eerste Friese Schaatsmuseum, Fries Scheepvaart Museum, Nationaal Modelspoor Museum, Ir. D.F. Woudagemaal, Jopie Huisman Museum, Kazemattenmuseum, Museum Warkums Erfskip, Museum en werkplaats Houtstad IJlst, Museum Hindeloopen, Museum It Tsiispakhûs, Museum Joure en Museum Sloten.

Foar guon besikers fan It Tsiispakhûs hat de aksje harren oer de streek lutsen. "It is hjoed striemin waar en ik seach yn 'e krante dat it museum hjir dit wykein iepen wie", sa fertelt in man út Penjum.

Op de boppeferdjipping yn Wommels sjogge twa froulju nei in makette fan in âld bûterfabryk. "Wij doen mee aan de actie met de waardebonnen, dan mag je gratis de hele maand naar het museum. We zijn in Oudemirdum geweest en ik ben nog van plan om naar Hindeloopen te gaan."

Ferfolch

Neffens VVV Waterland van Friesland is it de bedoeling dat de museumaksje yn de Súdwesthoeke yn de takomst in ferfolch krijt.