'Nûmer trije' wegeret sit PVV yn Fryske Steaten

© ANP

It is noch net dúdlik wa't yn Provinsjale Steaten de opfolger wurdt fan Max Aardema, dy't foar de PVV keazen is yn de Twadde Keamer.

Wouter Beijert fan Oerterp is as earste oan bar om Aardema op te folgjen, mar hy lit witte dat er dat "om voor mij moverende redenen" net wol. Hy bliuwt wol fraksjemeiwurker.

Aardema seit dat in plak yn de Steaten echt net te kombinearjen is mei in plak yn de Keamer. "Mei pine yn it hert" nimt er ôfskied fan de Fryske polityk.

Max Aardema © ANP

Aardema wie it Steatelid mei de measte ûnderfining yn Fryslân. Hy sit al sûnt 2011 yn Provinsjale Steaten en is mei syn fjirde termyn dwaande. Hy stie op plak 19 op de lanlike kandidatelist foar de PVV. Dy partij helle 37 sitten.

De PVV hat twa sitten yn de Fryske Steaten. It twadde Steatelid is Harrie Graansma fan Boelensloane.

Nei Beijert, dy't as tredde op de Fryske kandidatelist stie, komt Jeffrey Graansma oan bar. Hy is de soan fan Harrie, en op dit stuit riedslid yn de gemeente Achtkarspelen. It is net dúdlik oft hy no Steatelid wurdt.

De provinsjale PVV praat de kommende tiid fierder oer de opfolging fan Aardema, seit Beijert.