FIDEO: Emosjonele byienkomst ûnder Aldehou nei ferkiezingen

Emoasje by stil protest yn Ljouwert

In pear hûndert minsken hawwe in stil protest holden by de Aldehou yn Ljouwert. Se meitsje harren soargen no't de PVV de ferkiezingen mei grut ferskil wûn hat.

De aksjefierders binne benaud foar de gefolgen foar ûndere oare flechhtelingen en minsken fan de LHBTIQ-plus mienskip. 'We zijn verdrietig en hier zoeken we troost."

Yn stilte en mei ljochtsjes makken de dielnimmers in grutte sirkel op it plein. Der waard oproppen ta solidariteit en frege om in elkoar beet te hâlden.

Neffens Femke Molenaar fan de organisaasje is it no saak om hân yn hân te stean en de ferbining mei elkoar te sykjen. "Tegen alle mensen die bang zijn voor de dingen die de PVV in het verleden verkondigd heeft, zeggen we nu: iedereen mag erbij."