Cambuur siket nije technyske baas: Reijnen stapt oer nei Feyenoord

© Dijks Fotografie

Technysk direkteur Etiënne Reijnen hâldt op by SC Cambuur. Hy sit der krekt in healjier, mar it is sa goed as wis dat er oerstapt nei Feyenoord. Dêr wurdt er assistint-trainer.

In lytse wike lyn makke Feyenoord de ynteresse yn Reijnen bekend by de direksje fan Cambuur. Om't Reijnen in trochrinnend kontrakt hat yn Ljouwert, moat dat ôfkocht wurde. De ôfrûne wike is der ûnderhannele en yntusken binne beide klups derút.

It is no oan Reijnen om ta in akkoart te kommen mei de regearjend lânskampioen. De âld-fuotballer wol Cambuur graach ferruilje foar Feyenoord. De ferwachting is dat de oerstap moandei offisjeel wrâldkundich makke wurdt.

Etiënne Reijnen (l) njonken trainer Henk de Jong © Dijks Fotografie

By Feyenoord wurdt Reijnen assistint fan haadtrainer Arne Slot. It twatal spile tegearre by PEC Zwolle, dat doetiids noch FC Zwolle hjitte. Letter wie hy ek assistint-trainer by dizze klup.

Reijnen is de ferfanger fan Marino Pusic, dy't in moanne lyn trainer waard by Shakhtar Donetsk yn Oekraïne.

Mar seis moannen yn tsjinst

Op 1 juny fan dit jier waard de 36-jierrige Reijnen yn Ljouwert presintearre as de nije technysk direkteur. Hy hie noch gjin ûnderfining yn dizze funksje, mar de ried fan kommissarissen fan de klup doarde it wol mei him oan.

"Ik loop er niet voor weg. Ik doe het graag en krijg er onwijs veel energie van", sei Reijnen by syn presintaasje. Hy wie doe bliid werom te kommen by de klup dêr't er yn 2014 en 2015 spile.

Yn de earste moannen wie Reijnen tegearre mei de haadtrainer fan doe, Sjors Ultee, ferantwurdlik foar it gearstallen fan de seleksje. Underwilens pakte hy ek oare saken oan lykas de skouting en de jeugdoplieding. By Cambuur wiene se goed te sprekken oer de start fan Reijnen.

Mar yn stee fan dat Reijnen syn kontrakt fan fjouwer jier útsjinnet by de Ljouwerters, giet er al nei in healjier fuort. Hoefolle jild Cambuur krijt foar it gean litten fan Reijnen is net bekend.