Fiif generaasjes 'dwersbongels': Marianne Kootstra beskriuwt har foarâlden

Feanarbeiders ha efkes skoft © eigen foto

Marianne Kootstra hat har ferdjippe yn har famyljeskiednis en fjirtich ferhalen fan har foarâlden beskreaun yn it boek Dwarsliggers in Appelscha. It boek beslacht fiif generaasjes en begjint om 1880 hinne.

Oerbeppe Baukje Pool is de favoryt fan Marianne, wylst dat krekt in hiele strange, rjochtlinige frou wie, dy't thús de broek oan hie.

"Baukje hie in hiele sterke oertsjûging en kaam dêr foar op. Privee wie it net in maklik persoan. Se wie de baas yn hûs. As har man Jacob it har net nei de sin die, dan pakte se him yn it nekfel en skopte him de doar út. It wie ek net in leuke beppe, mar dêr haw ik gjin lêst fan hân," laket Marianne. Dat it dochs har favoryt is, hat te krijen mei har krêft.

Baukje Pool, de oerbeppe fan Marianne Kootstra © Eigen foto

Dy sterke karakters komme in soad foar yn har famylje. De earste ferhalen spylje yn de njoggentjinde iuw, as se yn Appelskea te wenjen komme. Se reizgje mei út it midden fan Fryslân wei nei it súdeasten om yn it fean te wurkjen.

Dat wie in swier libben, noch swierder as de earste perioade fan feanterij. "It bêste fean wie al fuort. De leanen wiene leech en de omstannichheden noch minder as earst. It wie hurd wurkjen en dan hiest ek noch de ferplichte winkelnearing: se moasten ferplicht har ynkeapen yn de winkel fan de feanbaas dwaan, wylst dat wol 25 prosint djoerder wie as earne oars."

Arbeiders yn it lân by Appelskea © eigen foto

Faak waard it lean útbetelle yn it kafee en it gefolch wie dat in soad manlju mei de helte minder jild thús kamen as se fertsjinne hiene. De oare helte hiene se útjûn oan drank.

Blauwe knoop

It wie de tiid fan Domela Nieuwenhuis en fan de Blauwe Knoop. "Oerbeppe Baukje hie trije bruorren dy't deagien binne troch de drank. Dêrtroch wie se sels mear as fyftich jier in fanatyk lid fan de Blauwe Knoop, de feriening foar drankbestriding, en gie se jûns by húshâldings del dêr't in drankprobleem spile. Se wie dus ek nea thús, de bern hawwe harsels en elkoar grutbrocht."

De ferhalen yn har boek geane oer har famylje, mar stean foar hûndert jier arbeidsemansipaasje, neffens Marianne Kootstra. "Dit giet oer myn famylje, mar der binne folle mear famyljes dy't soksoarte ferhalen fertelle kinne."

In ferhaal dat al, foardat it boek ferskynd is, yn de famylje ferteld waard giet oer har pake Oebele. Marianne liet har heit dat ferhaal graach fertelle.

Dit seit wat oer de moraal yn ús famylje.
Marianne Kootstra

"Dit ferhaal seit wat oer de moraal yn ús famylje," sa begjint se. "Pake Oebele wurke yn it fean mei ús heit, dy't doe in jonkje fan trettjin jier wie. Op in dei seagen se in fint oankommen. Pake sei: lit mar rinne, as er hjir wêze moat, dan komt er wol. Miskien is it wol in ûntsnapte finzene út Feanhuzen."

"De man kaam deroan en frege hokker kant er út moast om yn Assen te kommen," fertelt se fierder. Pake wiisde nei it easten en de man rûn dy kant út. Net folle letter kaam der in fjildwachter oan en dy frege oan heit oft hy ek in ûntsnapte finzene sjoen hie. Pake antwurde befêstigjend wêrnei't de fjildwachter frege hokker kant er op gie. En doe stjoerde pake him de ferkearde kant op."

"Doe't de fjildwachter fuort wie, frege ús heit oan pake wêrom't er him de ferkearde kant op stjoerd hie: 'Dan ha se it minste lêst fan elkoar,' sei pake."

Oebele Kootstra, de pake fan Marianne Kootstra © Eigen foto

Neffens Marianne docht út dit ferhaal bliken dat har foarâlden net automatysk it gesach folgen. Se soene ien dy't harren neat dien hie, der net bylaapje.

Fakbûn

"Se hiene ek de oertsjûging dat se opstean moasten as it har net oanstie," fertelt Marianne. It earste fakbûn waard oprjochte yn Appelskea mei oerpake Roel Jacobs de Jong as siktaris. De froulju en âldere bern moasten likehurd meiwurkje yn it fean as de manlju. "Dat wie net allinne omdat se it jild nedich hiene. It wie ek omdat it gewoan ferplicht wie."

Oerbeppe Baukje wie wei fan Domela Nieuwenhuis.
Marianne Kootstra

Froulju krigen lykwols net itselde lean as manlju en dêr kamen se tsjin yn opstân. "Yn 1890 staakten de froulju. En nei't se in dei thús bleaun wiene, gie de feanbaas by de doarren del en sei tsjin de manlju dat se har froulju nei it wurk stjoere moasten."

Dat diene de manlju lykwols net. It tsjinoerstelde barde: ek de manlju staakten. "Doe kaam Domela Nieuwenhuis del, de grutte held van de arbeiders. Foaral myn oerbeppe Baukje wie wei fan him. Domela hold in taspraak en sei dat er tige grutsk wie op de stakende manlju en froulju."

In karakteristike wenning yn Appelskea © Eigen foto

In oar ferhaal dat tekenjend is foar it dwerse karakter fan Marianne har famyljeleden giet oer de tsjerke. "Yn 1906 wie der in úttocht út de tsjerke. Dat kaam omdat de tsjerkebelêsting ynfierd waard, en ek de arbeiders moasten dy betelje. Dat woene de minsken net en der kaam in doarwarder lâns. Mar se holden foet by stik en betellen net."

"Tsjin de doarwarder seine se dat se út de tsjerke stappe soene," giet Marianne fierder. "It tsjerkebestjoer naam dat mei in kerreltsje sâlt en sei dat se har dan allegear persoanlik ôfmelde moasten. Se tochten fansels dat de minsken dat net doare soene. Mar dat rûn oars: se giene allegear nei de tsjerke ta, mear as hûndert minsken. It waard in demonstraasje mei oerpake Roel Jacobs de Jong foarop. Se lieten har yndie útskriuwe. Ik haw dy list sjoen, der stean wol hûndert nammen op mei in hiel soad famyljeleden."

Wy ha in links hert.
Marianne Kootstra

Marianne gie foar har boek troch de argiven en prate mei famyljeleden. Foaral de ferhalen fan in omke, dy't al yn de njoggentich is, wiene fan grutte wearde.

"Fia him krige ik ek wer kontakt mei neven en nichten en oare famyljeleden, want dat wie wat ferwettere. Mar ik werken by al dy famyljeleden itselde: se binne grutsk op har komôf, se binne selsbewust en se ha in links hert."

Marianne Kootstra © Eigen foto

De titel fan har boek, Dwarsliggers, nûget út om Marianne oer har eigen dwersichheid fertelle te litten. Laitsjend seit se dat se harsels wol koöperatyf fynt. "Kinst mei my alle kanten út, útsein de ferkearde."

Letterlik: dwerslizze

It aktivisme dat har foarâlden hiene, sit ek yn har. "Ik sit yn Grins by Extinction Rebellion. As op de earste moandei fan de moanne it proefalarm giet, dan litte we ús mei in groep minsken foar dea delfalle op strjitte. It is in demonstrative aksje om minsken witte te litten dat der wat barre moat. En dan lis ik dus dwers op strjitte."

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis. De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.