Fan Wormer nei Fryslân om lânskampioen te wurden: "Soms versta ik geen hout van het Fries"

Terrenc Griemink © Orange Pictures

Mei boartlik gemak wûn LDODK dit wykein fan Groen Geel (25 -13). Foar Terrenc Griemink wie it in bysûnder duel.

De 26-jierrige ynternasjonal makke fan 't simmer de oerstap fan Groen Geel nei LDODK en hy trof yn syn earste wedstriid op De Gordyk fuortendaliks syn âlde klup.

"Ja, een heel bijzondere avond voor mij", fertelt Griemink. "Donderdagavond kwamen er nog een paar spelers van Groen Geel bij mij thuis op bezoek en nu speel ik tegen ze."

© Orange Pictures

"Het zijn mijn vrienden, maar vandaag in de wedstrijd even niet. Dan beuk je tegen elkaar op en wil je natuurlijk alle duels winnen."

Trije oeren yn de auto foar in training

De 26-jierrige kuorballer is in bern fan Groen Geel en wennet noch altyd yn Wormer. Hy hie freedtejûn dus mei syn eardere ploechgenoaten meiride kinnen nei De Gordyk, mar dat die er mar net.

Terrenc Griemink yn de kleuren fan Groen-Geel © Orange Pictures

Griemink kin de rit oer de Ofslútdyk nei Fryslân yntusken wol dreame. Trije kear yn de wike stapt er yn de auto om by syn nije klup spylje en traine te kinnen. Mei elkoar opteld sit Griemink sa trije oeren op in dei yn 'e auto.

"Ik vind het autorijden niet zo erg. Ik luister graag naar muziek en bel af en toe met wat mensen. Soms is het even pittig, zoals afgelopen woensdag. Toen voelde ik me na de training niet helemaal fit en dan is het wel zwaar om dat hele eind terug te rijden."

"Gelukkig heb ik altijd de mogelijkheid om in Gorredijk te overnachten. Als ik de volgende dag niet hoef te werken, kan ik daar ook voor kiezen."

Dizze kuorballer kaam nei Fryslân om lânskampioen te wurden

Griemink is ynternasjonal by TeamNL kuorbal en hat in A-status by it NOC*NSF. Mei Oranje waard er yn oktober wrâldkampioen. Dêrneist wurket er twa dagen yn 'e wike yn Wormer op de basisskoalle as learaar fan groep 8.

"Ja, het is zeker een druk bestaan", seit er mei in glimk. "Maar ik heb het er allemaal graag voor over. Ik ben naar LDODK gekomen, omdat ik toe was aan een nieuwe uitdaging. Ik wil mezelf blijven ontwikkelen als korfballer, dat kan hier volop."

Degradaasje

Mei Groen Geel stried Griemink de lêste jierren tsjin degradaasje. By LDODK wol hy meidwaan om de prizen. "Ik ben hier naartoe gekomen om landskampioen te worden. Dat is het doel dit seizoen."

LDODK wist al meardere kearen de play-offs te heljen, maar pleatsing foar de sealfinale yn Ahoy slagge noch nea. "Dat moet gewoon lukken. We mogen dat best uitspreken en dat doen we dan ook. We willen de finale halen en winnen."

Terrenc Griemink yn aksje tsjin Blauw-Wit © Orange Pictures

It liket derop dat Griemink rap syn draai fûn hat by LDODK. Yn de earste wedstriid fan de Kuorbal League tsjin Blauw-Wit kaam hy net ta skoaren, mar fiif dagen letter tsjin Groen Geel hat de ynternasjonal it op 'e heupen.

LDODK set flitsend útein en Griemink spilet dêryn in wichtige rol. Foar it skoft hat er al fiif kear skoard. "Ik was toch wel wat gespannen voor deze wedstrijd. Maar de schoten waren goed, dat geeft een heel lekker gevoel." Laitsjend: "Er mag wel vaker wat spanning op zitten."

Mearwearde foar LDODK

Syn nije ploechgenoaten ha him der graach by op De Gordyk. "Hy hat echt in mearwearde foar ús team", fynt oanfierder Erwin Zwart.

"Hjoed spile er hiel goed. Ferdigenjend, mar seker ek oanfallend. Neffens my wiene syn earste fjouwer skotten allegear raak. We binne beide learaar, dus it is ek leuk om dêr mei him oer te praten."

Erwin Zwart © Orange Pictures

Femke Faber is, krekt as Griemink, ynternasjonal en dêrtroch ken se him al goed. "Ik ha in hiel goeie klik mei him. Terrenc hat humor, is frij 'direkt' en past him maklik oan. Hy past hiel goed yn ús groep."

In echte Fries

Faber begjint te laitsjen. "It fielt sels as is er in echte Fries. Allinnich de taal praat er noch net."

"Soms wordt er in de groep onderling met elkaar Fries gesproken, dan versta ik er geen hout van. Maar dat zal vast nog wel gaan komen", seit Griemink.

"Tot dusverre ben ik gewoon heel blij met de overstap naar LDODK. Ik ben goed opgevangen door iedereen en heb het erg naar de zin. Het scheelt dat ik al een aantal spelers kende van Oranje, maar ik ben ook niet de moeilijkste, hoor."

LDODK koprinner yn de Kuorbal League

De start fan it seizoen is foar LDODK prima ferrûn. Twa spile, fjouwer punten en koprinner yn de Kuorbal League. Dochs kin en moat it neffens Griemink noch better. "We hebben het maximaal aantal punten behaald, maar qua spel zijn er nog genoeg verbeterpunten."

"We hoeven nu nog niet te pieken, het is belangrijk dat we ons blijven ontwikkelen. En straks als het er echt om gaat, dan moeten we er staan."