Liveblog | 26 novimber 2023

112-nijs: Moandei koade giel om snie | Demonstraasje yn Ljouwert nei útslach ferkiezingen

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 26 novimber 2023, 14:53
14:53

KNMI: Moandei koade giel om snie

© ANP

It KNMI warskôget kommende moandei foar glêde diken troch snie. Oan de ein fan de middei jild yn Fryslân koade giel.

Der kin in laachje snie lizzen bliuwe fan maksimaal ien oant twa sintimeter. Yn de nacht nei tiisdei kinne der ek noch winterske buien falle. Dan kin it ek glêd wêze.

11:51

Slimferwûne nei fal fan dak by pleatsen sinnepanielen

De skuorre yn Achlum dêr't it misgie © SRFotografie

In persoan is fan 'e moarn swierferwûne rekke nei in fal fan it dak fan in skuorre. Dat barde by in pleats by it ynstallearjen fan sinnepanielen op in skuorre.

In traumahelikopter en in ambulânse kamen te plak. Ek de brânwacht kaam nei Achlum om de lossittende sinnepanielen fuort te heljen.

It slachtoffer is oerbrocht nei it sikehûs.

07:17

Fytser ferwûne nei ûngelok yn Ljouwert

De ambulânse op de plak fan it ûngelok © AS Media

Op de Jansoniusstraat yn Ljouwert is justerjûn om 23.00 oere hinne in auto yn botsing kaam mei in fytser. De fytser rekke hjirby ferwûne en is mei in ambulânse oerbracht nei it sikehûs.

De fyts en de auto rûnen ek flinke skea op by it ûngelok. Oer de oarsaak is noch neat bekend.