Shorttrack op wrâldnivo yn Ljouwerter iishal: junioaren stride om winst op World Cup

Mathys Faber © Martin de Jong

De Elfstedenhal yn Ljouwert is dit en takom wykein it toaniel fan it World Cup shorttrack foar junioaren. Der komme 187 riders út 37 lannen oan de start.

Foar de Ljouwerter iishal is it in moaie opstekker. It is foar it earst dat de ISU, it ynternasjonale reedrydbûn, sa'n toernoai tawiist oan Ljouwert. "It is in hiel grut toernoai foar ús", seit Baukje Heeg fan de iishal. "37 lannen mei 187 jeugdriders, dat is prachtich. We binne gjin Thialf, mar fine it hiel leuk soks te organisearjen."

Alles tagelyk

It soarget foar in soad ekstra drokte. Njonken it shorttrack kinne de rekreanten gewoan rûntsjes ride. Ek wurdt yn de oare hal earst in curlingwedstriid en letter ek noch in iishockeywedstriid ôfwurke. "It is in hiel drokke dei, mar we ha der wol nocht oan", seit Heeg. "It moaie is dat de World Cup fergees tagonklik is."

Primeur: World Cup Shorttrack yn Ljouwerter iishal

It is foar de Nederlânske shorttrackers in moai momint om har keunsten sjen te litten op it wrâldtoaniel. Safolle fan dit soarte ynternasjonale wedstriden binne der net.

Wilf O'Reilly is de dissiplinemanager fan de KNSB shorttrackploech. Hy is ferantwurdlik foar de topsportprestaasjes fan de ploech, mar ek foar de ûntwikkeling fan de sport. "Het is de eerste keer ooit in de geschiedenis van de sport. Wij zijn daar heel trots op."

'Leren en uitproberen'

By de KNSB binne se bliid dat ditsoarte fan wedstriden der no ek binne foar de junioaren. O'Reilly: "Hier moet je presteren, maar vooral leren. Leren en uitproberen."

De redens fan ien fan de Noarske dielnimmers wurde slipe foar de wedstriid © Omrop Fryslân

De Nederlanners dogge it goed, fynt de dissiplinemanager. "Ja, maar het is voor de jonkies. Hier schaatst de jeugd tussen de 15 en 18, soms best spannend."

Mathys Faber

Ien fan dy 'jonkies' is Mathys Faber fan Stiens. Hy is lid fan de Ljouwerter shorttrackferiening Trias en rydt in thúswedstriid. "Hier is het allemaal begonnen. Het is echt heel bijzonder om hier dan de eerste World Cup ooit te rijden."

Nei de earste wedstriid is hy net troch. Hy moat op foar de werkânsing. Faber: "Het niveau is echt hoog, maar ik wil dit zeker vaker. Al die tegenstanders, dat smaakt echt naar meer."

Dat mear komt der grif as it oan de Stienzer leit. "Ik zie echt een toekomst als topsporter. Daar is zo'n World Cup een mooi opstapje voor."

Sinne Brouwers fan It Hearrenfean is ien fan de Fryske talinten dy't meidogge oan de World Cup yn Ljouwert © Omrop Fryslân

Ien fan de Fryske dielnimmers is Sinne Brouwers fan It Hearrenfean. Se is lid fan Trias Ljouwert en rydt by it talinteteam Noard fan reedridersbûn KNSB. "Ik fyn it echt in geweldige wedstriid." Sels stiet se dit wykein net oan de start, takom wykein al. Dan giet se de striid oan mei sterke tsjinstanners.

Oan de bak

"Ik ryd wol faker tsjin lannen as Italië of Tsjechië, mar net tsjin Sinezen of Koreanen. Dat is echt in hiele oare erfaring." It betsjut dat se oan de bak moat. Brouwers: "Yn Koreä en Sina dogge se dochs wat oars. Dy binne hiel goed."

Se is der klear foar, ek foar de folgjende stap. As 18-jierrige stiet se op it punt de oerstap te meitsjen nei de senioaren. Har takomst? "Dat is in drege fraach. Ik fokus op it no. No better wurde en dan komt de takomst fansels. Ik wol trochstreame nei it Nederlânske team."