Hearrenfean wint wer: "Je ziet het elftal groeien, het gaat iedere week beter"

© Orange Pictures

Hearrenfean wint wer. "Je ziet het elftal groeien", seit trainer Kees van Wonderen. "Het gaat iedere week beter."

In pear wiken lyn lei Hearrenfean noch op koers foar degradaasje, mar nei de winst op Fortuna steane de Friezne no op it sânde plak - dat rjocht jout op play-offs foar Europeesk fuotbal.

"We willen deze reeks doorzetten", seit ferdigener Syb van Ottele fan Hearrenfean. "We hebben het diepste dal gehad, nu moeten we volhouden."

Van Ottele: "We hebben het diepste dal gehad"

"We zien nu dat we de tegenstander kapot kunnen spelen, als we de bal hebben. We kunnen allemaal goed voetballen, dat zie je op het veld."

Sfear

Trainer Kees van Wonderen fernimt dat de sfear yn it team feroare is, no't der wer wûn wurdt. "De jongens zitten beter in hun vel."

Hearrenfean wûn mei 3-0 fan Fortuna, mar it hie samar ek oars wêze kind, seit Van Wonderen. As dy iene bal net tsjin de peal gien wie, mar yn de goal, hie it 1-1 west. Dat ha je in hiele oare wedstriid. "Op de juiste momenten zat het mee."

Kees van Wonderen: "Je ziet het elftal groeien"

"De jongens krijgen steeds meer vertrouwen. Dat is hoopvol voor de toekomst, en als we daaraan vasthouden komen de resultaten wel. Het spel van de afgelopen weken stemt tot tevredenheid."

Strafskoppen

Twa fan de trije doelpunten waarden makke troch Thom Haye, beide út in strafskop. Is hy no de nije penaltyspesjalist fan Hearrenfean?

"Waarom niet? Ik heb een goeie trap. Ik ben blij dat ik ze mocht nemen."

Is Thom Haye no de penaltyspesjalist fan Hearrenfean?

Benammen de twadde penalty wie lestich, seit Haye. It waard in mentaal spultsje.

De earste wie goed gien, yn de hoeke, en dan leit it foar de hân om deselde hoeke nochris te pakken. "Ik zat er lekker in, dus ik dacht aan dezelfde hoek, maar het was duidelijk dat de keeper dat ook dacht."

Haye seach dat de keeper dy kant op sprong. Hy koe dus troch de midden sjitte. "Ik schoot hem vrij relaxed binnen, maar ik moet wel zeggen dat de tweede moeilijker was dan de eerste."