Twa penaltys helpe Hearrenfean oan oerwinning op Fortuna

© Orange Pictures

Hearrenfean hat it paad omheech fûn. Yn eigen hûs wûnen de Friezen mei 3-0 fan Fortuna Sittard. Twa fan de trije doelpunten skoarden se út in penalty.

Troch de winst klimt Hearrenfean nei it sânde plak yn de earedifyzje. Fortuna stiet no alfde.

Opstelling sc Hearrenfean: Noppert, Braude, Van Beek, Van Ottele, Köhlert, Brouwers, Haye, Olsson, Nunnely, Van Amersfoort en Sahraoui.

Hearrenfean begûn sterk oan de wedstriid. In skot fan Pelle van Amersfoort gie mar kret oer, en Osame Sahraoui wie hieltyd driigjend. Ché Nunnely krige miskien wol de grutste kâns op de iepeningstreffer, mar oant de blessueretiid fan de earste helte bleau it 0-0.

Flak foar it skoft krige Hearrenfean in strafskop, troch in handsbal fan in Fortuna-ferdigener. Thom Haye skoarde út de penalty.

De twadde helte begûn mei in hiele grutte kâns op de lykmakker, mar Kaj Sierhuis fan Fortuna rekke de peal wol en it net net. Hearrenfean hie it dreech.

Nei in oertrêding op Sahraoui kearden de kânsen yn it foardiel fan de Friezen. Opnij krige Hearrenfean in strafskop, en opnij skoarde Thom Haye.

Moai fuotbal wie dêrnei net mear nedich. Doelman Andries Noppert makke him net populêr by de útsupporters troch wat te treuzeljen, mar it wie wol effektyf.

Twa minuten foar de ein fan de wedstriid liet Ion Nicolaescu sjen dat Hearrenfean ek sûnder strafskoppen skoare kin. Nei in lange bal fan achterút skeat hy de bal yn it dak fan de goal.

Einstân: 3-0.