Liveblog | 25 novimber 2023

112-nijs 25 novimber: Boat giet ferlern troch brân | Automobilist rydt lantearnpeal om

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 25 novimber 2023, 19:41
19:41

Boat giet folslein ferlern by brân

Der is net folle mear oer fan de boat © CAMJO media

In fûle brân hat in boat yn Ljouwert folslein yn 'e jiske lein. Der is hast neat mear oer fan it skip. De brânwacht hat yntusken it sein 'brand meester' jûn.

19:10

Fjoersee op boat yn Ljouwert

De boat gie folslein yn flammen op © Kappers Media

In boat yn it wetter by de Einsteinweg yn Ljouwert stiet yn 'e brân. Dêrby komt in soad reek frij. Der wienen ek ferskate knallen te hearren. Op foto's is te sjen dat der net folle mear fan de boat oer is.

De brânwacht is noch dwaande om de fjoersee út te krijen. De brânwachtboat fan Grou is ek ûnderweis om op it wetter te helpen.

18:58

Automobilist rydt lantearnpeal om yn Ljouwert

© AS Media

In automobilist is troch ûnbekende oarsaak tsjin in lantearnpeal botst op it Oostergoplein yn Ljouwert. Troch de klap bruts de lantearnpeal folslein ôf.

De bestjoerder kaam mei de skrik frij, mar de auto rûn in soad skea op. In bergingsbedriuw hat de auto fuortsleept.