Freonen en famylje skokt troch dea Freek (18) yn Alkmaar: "Alles staat op internet"

It slachtoffer is fûn yn in tún yn Alkmaar © NH, Maaike Polder

It nijs oer it ferstjerren fan de 18-jierrige Freek út de gemeente Waadhoeke is hurd oankaam by syn freonegroep yn Frjentsjer en Harns. Dat seit in meiwurker fan Jongerenwerk Team Waadhoeke.

Freek waard woansdeitejûn dea fûn yn in tún fan in wenning yn Alkmaar. It is noch net bekend wat der presys oan foarôfgien is.

Neffens de plysje hat der in konflikt west tusken meardere persoanen en buertbewenners sizze dat se skotten heard ha. Letter op de jûn hat de plysje de 58-jierrige bewenner fan de wenning oanhâlden, syn belutsenheid wurdt ûndersocht.

"Het is aangrijpend"

De jongereinwurkers yn Waadhoeke koene Freek en libje mei de neibesteanden mei. "Zo jong nog en dan onder deze omstandigheden, het is aangrijpend."

Jongeren dy't der ferlet fan ha, wolle se stypje. "Jullie zijn een vriend verloren en dat is verschrikkelijk. We wensen jullie en alle andere nabestaanden veel sterkte toe om dit verlies een plek te geven. Als jullie even willen kletsen, weten jullie ons te vinden via socials of whatsapp."

Plysjeûndersyk by de wenning yn Alkmaar © NH, Maaike Polder

Freek syn neibesteanden taaste ek noch yn it tsjuster oer wat der krekt bard is, fertelt syn muoike Cobie oan NH, de regionale omrop fan Noard-Hollân.

"Verschrikkelijk. Het was een lieve sociale jongen", seit Cobie. Har muoikesizzer wenne yn Fryslân, mar kaam geregeld yn Alkmaar en omkriten.

Crowdfunding

Om de útfeart fan Freek te bekostigjen hat Cobie in crowdfundingsaksje opset.

Der is yntusken mear as 3.500 euro ynsammele, ûngefear in tredde fan it streefbedrach. Neffens Cobie hiene de âlden wol in útfeartfersekering, mar wurdt dy net útkeard om't Freek noch net salang lyn 18 wurden is.

Skokkende bylden

De famylje wurdt dêrneist konfrontearre mei skokkende bylden dy't al gau nei it ynsidint sirkulearren op sosjale media. It binne fideo's fan syn lichem sûnder libben, dy't syn neibesteanden ûnbedoeld ûnder eagen krigen.

Cobie is ôfgryslik fertrietlik, mar ek lilk. Se wol dat it spekulearjen online ophâldt en ek dat de fideo's net mear dield wurde.

Yn in rút fan de wenning sit in gat © NH, Maaike Polder

"Echt respectloos naar de nabestaanden", seit se út namme fan de famylje. "Als je echt iets weet, vertel het aan de politie. We houden ons vast aan het onderzoek."

Boppedat wurde online foto's fan Freek en syn folsleine namme dield, ta grut fertriet fan de famylje. "Zijn gezicht, alles staat op internet."

"Stop ermee"

Meardere famyljeleden krigen de bylden trochstjoerd. "Die filmpjes horen wij gewoon niet te zien en te krijgen. Wij zitten met een heel groot verdriet."

"Het is voor ons gewoon nog moeilijk te bevatten. De mensen vinden het allemaal sensatie en spannend. Maar stop ermee."

Al earder rôp de plysje op om op te hâlden mei it fersprieden fan de fideo's. Neffens in wurdfierder kin it skealik wêze foar it ûndersyk, mar ek soargje foar psychyske klachten by neibesteanden.

De jongereinwurkers yn de gemeente Waadhoeke slute har dêrby oan. "Toon respect voor de nabestaanden, deel geen foto's of filmpjes", is te lêzen yn in berjocht dat online set is.

Dit artikel is makke yn oparbeidzjen mei NH, de regionale omrop fan Noard-Hollân. Op fersyk fan de famylje binne de achternammen fuortlitten.