HEA! Artistyk op 'e Alde Biltdyk

HEA! Artistyk op 'e Alde Biltdyk

In âld skeakelboerd dat no in lampe is. Dat hinget der by keunstner Ron Posthuma yn Aldebiltsyl oan 'e muorre.

Posthuma wennet no 7 jier op It Bilt en dat foldocht him skoan. Foaral de rêst dêr en dat net ien lêst fan him hat, fynt hy hearlik.

De keunstner is no dwaande in lampe te meitsjen yn de foarm fan in saksofonist. Dy hopet hy ynkoarten op in keunstmerk te ferkeapjen, sadat hy wer wat sinten fertsjinje kin. Mar it kreëarjen sit him net op 'e nekke. As it hjoed net klear komt, kin it moarn ek noch.