FIDEO: Grutte opknapbeurt foar de leanen fan Oranjewâld

Der falle gatten yn de leanen fan Oranjewâld

De karakteristike leanestruktuer fan Oranjewâld giet yn kwaliteit efterút. Der falle beammen út, om't se troch bygelyks sykte oanfretten binne.

It soarget foar gatten yn de leanen en dêrom wurdt der in grutte opknapbeurt op tou set.

Neffens de inisjatyfnimmers is de yngreep nedich om it histoaryske karakter fan de bosken te behâlden foar de takomst. De kommende tsien jier wurdt der wurke oan it opknappen fan de leanen.

It projekt wurdt subsidiearre troch provinsje en gemeente. Ek alle partikuliere eigeners dogge mei, seit projektlieder Jochem Liemburg.