Theo Baas genietet fan de frijheid yn Noarwegen: "It wurkjen is hjir bysaak"

Theo Baas út Nijeholtwâlde wennet yn Noarwegen © Theo Baas

Nei't Theo Baas yn 2008 op fakânsje gie yn Noarwegen, besleat hy de greiden fan Nijeholtwâlde te ferruiljen foar fjorden en it noarderljocht. In spannende stap, mar it die bliken dat it de goede wie. "Ha net it ferlet om werom te kommen nei Fryslân."

Trettjin jier wennet Theo Baas (55) yn Noarwegen. Yn Brattvåg om krekt te wêzen. In plakje fjirtich kilometer fan de stêd Alesund. Hjir wurket Baas as radioterapeutysk laborant; ien dy't pasjinten behannelet mei in foarm fan kanker.

Nei elke bocht in oar lânskip

"Alle dagen as ik nei myn wurk ryd, dan kom ik by de fjorden del en feroaret it lânskip nei elke bocht. It is hjir sa oars as ik wend wie."

© Theo Baas

En dat wie it flakke grien yn en rûnom Nijeholtwâlde. It doarp dêr't Baas weikomt. Dêr wie er jierrenlang melkfeehâlder op de pleats fan syn âlden, tegearre mei syn broer. Uteinlik waard de pleats fan de hân dien.

Yn 2008 gie Baas nei Noarwegen. In fakânsje dy't bot feroarje soe. Hy waard der oerweldige troch it fansels skjin en de frijheid dy't er dêr fielde. It foldie him sa goed, dat er in pear jier letter it guod pakte en besleat Nijeholtwâlde te ferlitten.

Se sitte hjir fan 6 oant 16 jier yn deselde klasse. Pas dêrnei kinst kieze watst wolst. Sa kinst langer bern wêze.
Theo Baas oer it skoalsysteem yn Noarwegen

Njonken de pluskes fan Noarwegen spilen ek de minnen fan Nederlân in rol. Bygelyks it hjoeddeistige skoalsysteem. "Yn Noarwegen is dit mear rjochte op de bern. Fan 6 oant 16 jier sitte se yn deselde klasse. Pas dêrnei kinst kieze watst wolst. Sa kinne se langer bern wêze", seit Baas, dy't fertelt dat de Noaren oer it algemien wat sletten binne.

"Dat hat mooglik ek mei it skoalsysteem te krijen: mei de groep dy't yn de klasse sit, giest ek nei bygelyks fuotbal en muzyk."

Regeling foar boeren

Doe't Baas de auto yn Fryslân ynladen hie, hie er noch gjin helder takomstbyld. "Yn Noarwegen ha ik earst twa jier boerehelp west. Hjir bestiet in regeling wêrtroch't boeren jild krije om help yn te skeakeljen. Op dy wize kinne sy sa no en dan efkes frij nimme", seit Baas.

It noarderljocht yn Noarwegen © Theo Baas

"Sadwaande koe ik dêr oan de slach, tegearre mei noch seis oare boerehelpen." Nei noch in koarte perioade yn in kafee/restaurant, gie er oan de slach as laborant.

It wurk is hjir gjin haad-, mar bysaak. It libben spilet him ôf bûten it kantoar.
Theo Baas oer Noarwegen

Ek de trije bern fan Baas wenje yn Noarwegen. Hy trof der syn hjoeddeiske frou en in nij libben kaam op syn paad tusken de hege bergen. Hy sit yn in Noarsk popkoar en is graach dwaande yn de tún.

Sowieso is ûntspannen wichtich foar de Noaren. "As it 15.30 oere is, giet elkenien wer nei hûs út wurk wei. Oeroeren wurde opskreaun. It wurk is hjir gjin haad-, mar bysaak. It libben spilet him ôf bûten it kantoar. It tempo leit hjir wat leger."

Theo Baas oan it hiken yn Noarwegen © Theo Baas

"Ik ha net it ferlet om werom te kommen nei Fryslân. Soms is it leuk om der efkes koart te wêzen, mar dan wol ik ek altyd wer gau nei myn eigen lân", seit er. "En dat is Noarwegen."