Jannewietske de Vries nije foarsitter fan De Friesche IJsbond

Tjeerd van der Zwan oerlanget de foarsittershammer oan Jannewietske de Vries © Friesche IJsbond

Jannewietske de Vries is beneamd ta de nije foarsitter fan De Friesche IJsbond. De boargemaster fan Súdwest-Fryslân nimt de prikstôk nei acht jier oer fan Tjeerd van der Zwan, de eardere boargemaster fan Hearrenfean.

De 22 iiswegesintrales yn Fryslân binne feriene yn De Friesche IJsbond. It bûn behertiget de belangen fan it reedriden op natueriis yn Fryslân. Elke winter wurkje se gear mei Wetterskip Fryslân, de provinsje en Rykswettersteat om de oangroei fan it iis sa folle mooglik te befoarderjen.

"Der stiet hjirre in geweldich team dat hielendal klear is foar in goeie winterperioade. Ik fiel my fereare dat ik beneamd bin as foarsitter om it wurk fan Tjeerd van der Zwan troch te setten. En fansels hoopje ik, krekt as elkenien, dat ik myn prikstôk faak brûke kin", seit De Vries oer har nije funksje.