Cambuur Sjoernaal: Nei boppe sjen nei slitaazjeslach yn Venlo

© Dijks Fotografie

De spilers fan SC Cambuur foelen mei boskjes nei it lêste fluitsinjaal yn Stadion De Koel. It wie in slitaazjeslach, wêryn't earder ek al trije spilers blessearre útfallen wiene.

It wichtichste is dat der ek trije punten mei giene yn de bus nei Ljouwert: Cambuur wûn mei 2-1 fan VVV-Venlo. Dy busreis koe der foar Sekou Sylla ek noch wol by. Hy hie de ôfrûne wike al mear as 25.000 kilometer reizige foar ynterlâns mei it nasjonale alvetal fan Guinee.

Alles oer VVV-Venlo - SC Cambuur yn it Cambuur Sjoernaal: