Bysûnder lokaasjeteäter fan BUOG al mear as 20 jier in begryp yn Fryslân

De mannen fan BUOG © Omrop Fryslân

In man fan it wetter en in man fan it lan: tegearre binne sy teäterbedriuw BUOG: Pieter Stellingwerf en Kees Botman. "Wy betinke ûngewoane gebeurtenissen."

"De Verwondering ha ik al 20 kear ynskreaun", sa sei de frou by de Kamer van Koophandel rom 20 jier ferlyn. It like de mannen wol in moaie namme ta foar harren teäterbedriuw. Kees syn wenboat hat deselde namme. "Mar wat dogge jim eins?", wie de ferfolchfraach.

"Wy betinke ûngewoane gebeurtenissen. En wy fiere se ek noch út", sa seine de mannen. En sa binne sy op de namme 'BUOG' kaam, ôfkoarting foar 'Bedenkers en uitvinders van ongewone gebeurtenissen'. No jierren fierder in begryp yn Fryslân mei harren bysûndere lokaasjeteäter.

Sa'n 4 à 5 projekten dogge de mannen op jierbasis. Se wolle wat bysûnders meitsje, mar it moat ek ferkeapje, want BUOG wurket net mei strukturiele subsydzje. "As in idee goed genôch is, dan besykje wy dat rûn te krijen. En as de ideeën net goed genôch binne, dan ha wy gjin ynkomsten. Dat daget ús ek út."

De mannen fan BUOG wurdt útstjoerd by NPO2 op sneon 25 novimber om 15.30 oere en op snein 26 novimber by Omrop Fryslân om 17.00 oere.

Sa fertelt Kees oer it projekt 'Jumping Jack', dat sy foar de provinsje Drinte makken, mei as ûnderwerp de TT. "Uteinlik binne wy mei 120 man delstrutsen. It risiko is hiel grut", sa seit hy,

"Stiest sels achteroan yn de rij, mar hast eltsenien al betelle. Dat is de hypoteek fan Pieter en fan my en dan moat it noch komme. Dat risiko is grut, miskien ek wol te grut. Dêr lizze wy wolris wekker fan."

Yn Bovensmilde hawwe sy it ôfrûne jier in Molukske foarstelling 'East Side Story' makke yn de wyk dêr't yn de jierren '70 ek de skoalkaping west hat. It is in mjuks wurden tusken profesjonele- en amateurakteurs.

It iepenloftteäter is middenyn de wyk delset en sels in pear huzen binne ûnderdiel fan it dekôr. "Wy hawwe gewoan oanbelle by minsken en binne it petear oangien. Wy wolle graach wat posityfs yn de wyk dwaan. It docht in soad. It is in ienheid wurden en dat is hiel bysûnder."

Spilers entûsjast

Dat fynt ek Bob Souisa, dy't meispilet yn it stik. "Ze hebben mij gevraagd en eerst heb ik 'nee' gezegd. Maar sinds ik ingestapt ben, zou ik het voor geen goud willen missen. Je brengt een boodschap door. Je kijkt naar het verleden, hoe we geleefd hebben. Dat is ook een heel belangrijk punt. Voor ons, onze kinderen en kleinkinderen. Maar door de verbroedering komt het hier goed."

En wat de takomst bringt? Yn de FryslânDOK 'De mannen fan BUOG' litte Kees en Pieter al in stik sjen fan de stellaazje dy't se brûke sille yn harren nije projekt 'Kustwacht' foar it oankommende jier. Ek dat is wer in projekt dêr't lân en wetter gearkomme. It is de mannen op it liif skreaun.