Bestjoerskundige Rieks Osinga: "Volstrekt onbegrijpelijk dat Yesilgöz deur dicht doet"

© Omrop Fryslân

Bestjoerskundige Rieks Osinga fynt it ûnbegryplik dat VVD-lieder Dilan Yesilgöz oanjûn hat net gearwurkje te wollen mei de PVV. Hy fynt it suver polityk en Haachsk belied.

Twa dagen nei de ferkiezingen seit bestjoerskundige Rieks Osinga dat ek hy net foarsein hie dat de PVV sa'n ierdferskowing feroarsaakje soe. "Je zag in de peilingen dat het nog een klassieke links-rechts strijd zou worden, dat het spannend zou worden tussen Groenlinks-PvdA en PVV", seit er.

"Maar dat het zo afgetekend zou zijn, had niemand aan zien komen."

Dossiers binne net oplost

Neffens him hat dat te krijen mei twa situaasjes dy't no oan de hân binne. Yn de earste plak wurdt de PVV wol faker ûnderskat yn peilingen. "Maar dat verklaart dit verschil absloluut niet", heakket Osinga lyk ta.

As twadde redenearring jout Osinga dat de útslach in ôfrekken is mei de middenkabinetten troch de kiezer. "Kiezers vinden dat ze tot te waterige compromissen komen en dus de problemen niet echt oplossen."

Rieks Osinga oer de grutte winst fan de PVV

Foarbylden fan dat soarte problemen binne migraasje, it stikstofdossier en wenjen. "Die discussies spelen al jaren maar veel dossiers worden niet echt geslecht, opgelost zo. Dus dan maar op deze manier, denkt de kiezer."

Wilders hat dêrnjonken ek noch goed kampanje fierd, fynt Osinga. Yn it begjin gie it noch oer besteanswissigens en it minimumlean. "Maar daarna waren al snel het klimaat, 'jij-bakken' over en weer, en doorrekeningen van programma's het onderwerp van discussie. Dat soort issues zijn door Wilders het best geadresseerd."

Yn 'It Polytburo' beprate presintatoaren Andries Bakker en Eric Ennema alle wiken mei in gast aktuele tema's yn de polityk. Sjoch hjir nei de folsleine útstjoering mei Rieks Osinga.

De PVV-slogan 'De Nederlander op 1' is neffens Osinga treffend foar de ûnderwerpen dêr't Wilders him oer útsprutsen hat.

'Gedoochkonstruksje' mei VVD?

De útspraak fan VVD-lieder Yesilgöz dat se net mei de PVV yn in kabinet wol falt by Osinga minder goed. "Volstrekt onbegrijpelijk vind ik dat." Hy begrypt it fan de Haagske realiteit, de taktyske kant út wol: de VVD wol sa druk sette op Omtzigt en de PVV.

Mar de VVD hat har jierren lang hindere field troch linkse- en middenpartijen. "Je hebt nu juist een tijd en een uitslag waarin je een groot deel van je agenda voor elkaar kunt krijgen. Nederland heeft ook nog eens op deze manier gestemd, en dan doe je met deze uitslag dit."

Rieks Osinga oer de útspraak fan Yesilgöz

Mei de sitwinst fan de PVV, NSC en BBB yn Fryslân lykje de linkse en kristlike partijen dy't ea sa grut wiene, bot fuort te sakjen. In hurde konklúzje dy't neffens Osinga ek logysk is. De partij fan Wilders hat nammentlik neist frij ekstreme stânpunten ek wol tema's dy't eins klassyk sosjaaldemokratysk binne, seit de bestjoerskundige.

"Zoals bijvoorbeeld op het gebied van zorg. Als daar je noden zitten en die niet geadresseerd worden, begrijp ik dat je bij de PVV uitkomt en dan de extreme punten voor lief neemt. Helemaal nadat Wilders heeft gezegd: die extreme kant van mijn agenda laat ik nu varen."

Is Wilders mylder dan syn programma?

Dochs freegje guon minsken har ôf oft Wilders dy ekstremere punten út syn ferkiezingsprogramma wol werklik farre litte sil. Sels sei er ek al dat dy yn it dna fan syn partij sitte. Dochs tinkt Osinga dat er wol moat, oars wurdt regearjen dreech.

"Ik denk dat Geert Wilders heel graag wil regeren, en dat ie op een aantal thema's ook echt wel concessies zal doen. Hij weet ook wel, als ik dat niet doe, dan is het ook weer klaar, daar is Omtzigt ook duidelijk in geweest.

Rieks Osinga oer de nije keamerleden

De ôfwaging oer hoe leauweardich Wilders op dat punt is, moatte de gearwurkjende partijen dan ek sels meitsje, seit Osinga.

66 Nije keamerleden

Mei al dy nije partijen dy't in soad nije sitten binnenhelle ha, ferdwynt tagelyk in soad ûnderfining út de Keamer. Yn gewoane omstannichheden is dat net goed, mar yn dit gefal hoecht dat hielendal net in min gegeven te wêzen, leit de bestjoerskundige út.

"Het signaal is ook wel een beetje: we zijn wel klaar met die oude politiek. Dan is het misschien helemaal niet zo verkeerd dat er ook een echte wisseling van de wacht komt. Niet alleen in de gezichten en beleid van het kabinet, maar ook in de gezichten die je in de Kamer ziet."

© Gerco van Beek