Cambuur rekket tsjin VVV trije ferdigeners kwyt troch blessueren: "It liket net goed"

Henk de Jong © Dijks Media

SC Cambuur is flink havene út de striid mei VVV-Venlo (2-1 winst) kaam. Floris Smand, Léon Bergsma en Gabi Caschili moasten it fjild blessearre ferlitte. Benammen oer dy lêste is grutte noed.

"Gabi is no mei in ambulânse nei it sikehûs", sei trainer Henk de Jong nei ôfrin fan de fiere útwedstriid. "Ik wit echt hielendal noch neat, mar it liket net goed." Caschili moast mei in brancard fan it fjild en like in slimme blessuere oan syn knibbel te hawwen.

"Smand wie ek blessearre oan de knibbel en Bergsma hat in dûbeldklapt ankel", seit De Jong. De blessuere fan Smand liket it minst slim.

Spannende slotfaze

De Jong koe noch wol laitsje, want de trije punten gienen wol mei nei Ljouwert. Al hie it yn de slotfaze noch oars kinnen. Cambuur wie 'heer en meester' yn de earste helte en kaam gau op 2-0, mar de wedstriid krige in spannend ein doe't VVV noch in oanslutingstreffer makke.

"Yn de earste helte moatte je 0-3 of 0-4 meitsje. We krigen in pear grutte mooglikheden mei Uldrikis", fynt De Jong. "Mar ja, we leare no ek om ditsoarte dingen oer de streek te lûken."

Trainer Henk de Jong nei de wedstriid VVV-Venlo - SC Cambuur

Dat Cambuur de oerwinning binnensleepte, hie ûnder mear te krijen mei in goeie refleks fan keeper Yannick van Osch. "Ik haw him krekt yn it midden fan de groep set. Ik tocht: ik sil him efkes fiif sintimeter grutter meitsje, dat kin letter noch fan pas komme", laket De Jong. "Dat hie er ek fertsjinne."

De Ljouwerters binne dwaande mei in opmars op de ranglist. It gat mei de promoasjeplakken is sels noch mar twa punten. "Ik bin dêr hielendal net mei dwaande. Echt net. Mar ik sjoch de jonges wol op harren telefoan sjen", seit De Jong.

"Ik bin dwaande mei it goed fuotbaljen. Dingen goed dwaan mei de jonges. Schwung yn de groep krije en dan sjogge we it wol."

Afrikaanske reis

De iennige basisferdigener dy't de wedstriid wol útspile, Sekou Sylla, hie al wol efkes op de telefoan sjoen. Hy sjocht de boppenste twa plakken as realistysk foar Cambuur. "Ja, dat is zeker wel de bedoeling. Dit is een heerlijke overwinning en we kunnen weer naar boven gaan kijken."

Foar Sylla wie it in drokke wike. Hy reizige foar ynterlâns fan it Afrikaanske Guinee mear as 25.000 kilometer en kaam pas tongersdei werom. Hy mocht dochs gewoan yn de basis starte by Cambuur. "Dat is vertrouwen van de club, van de trainer en de staf. Daar ben ik dankbaar voor."

Sekou Sylla oer it Afrikaanske fuotbal en it fertrouwen by Cambuur

Sylla mocht by Guinee foar it earst yn de basis starte. Tsjin Oeganda waard der mei 2-1 wûn en tsjin Botswana mei 1-0 ferlern. It wie efkes skeakeljen foar Sylla, want der wurdt yn Afrika wol krekt wat oars fuotballe. "Fysiek, als je iemand voorbij komt dan staat ie weer voor je. Het is echt verschrikkelijk fysiek. Heel anders dan voetbal in de eerste divisie."

Noch ien kear 254 kilometer yn de bus en dan kin Sylla lang om let efkes bykomme. "Ik ga lekker even in de bus slapen en dan moet het wel goedkomen, denk ik."