Sjoernalist Daphne fangt mei foto's de tragyk yn Oekraïne: "Stapte over lijken heen"

Daphne Wesdorp by har eksposysje yn Museum Opsterlân © Omrop Fryslân

Wapene mei kamera lûkt oarlochskorrespondint Daphne Wesdorp troch Oekraïne. Mei har lins as finster toant se de ûnfersnien werklikheid en it persoanlike ferhaal. "Natuurlijk vecht ik soms tegen de tranen."

Dizze dagen is Wesdorp efkes werom yn har berteplak. Om op azem te kommen fan har ynspanningen de ôfrûne moannen, mar ek om oanwêzich wêze te kinnen by de eksposysje yn Museum Opsterlân op De Gordyk oer har wurk yn Oekraïne.

"Ik zie meer dan een foto"

Tal fan oarlochsfoto's om har hinne yn it museum, it binne ynkringende bylden dy't se as sjoernalist fêstlein hat yn Oekraïne. Dit is it lân dat har rôp doe't de oarloch útbruts. Sûnt oktober binne har ferhalen ynliste en te sjen oan de museummuorren op De Gordyk.

Efter in taffeltsje wei, midden yn 'e romte, glydzje har eagen by de bylden lâns. Wesdorp is krekt werom út Oekraïne en sjocht it gehiel foar it earst. "Ik zie veel meer dan een foto alleen", seit de de Bakkefeanster. "Er is zoveel gebeurd om de plaatjes heen. Ik kan het allemaal zo terughalen."

De foto fan Wesdorp dy't Zelensky letter op syn Instagram sette © Daphne Wesdorp

Har blik bliuwt heakjen achter in eksimplaar mei in militêr. Hy spilet piano yn in foar in part fernielde tsjerke. Foar har geasteseach ferskynt de moeting mei Mark. "Zo heette hij. Naast militair was Mark ook predikant. Ik ging regelmatig met hem mee naar het front. Onder zijn arm had hij dan een bijbel. Om zo voor te kunnen lezen en de mannen moed in te spreken. Hij was 26, net als ik", seit se.

Wesdorp fertelt dat er koartlyn ferstoarn is. Net troch al it geweld om him hinne, mar omdat er yn 'e sliep foel efter it stjoer, ûnderweis nei in begraffenis. "Ongelooflijk, hè." Presidint Zelensky pleatste de foto fan Mark letter op syn Instagram.

Met zijn laatste krachten kroop de man naar zijn vrouw toe. Niet veel later stierf ook hij.
Wesdorp oer ien fan har foto's

Dan stiet Wesdorp op en rint nei in swart-wytfoto. Se wiist nei in deade man, lizzend foar in pleats. Omkommen by in bomoanslach. De krater dy't troch de ynslach ûntstien is, is dúdlik sichtber. Njonken de man leit noch in lichem. "Dat is zijn vrouw. Met zijn laatste krachten kroop hij naar haar toe. Niet veel later stierf ook hij."

In soad minsken mije it oarlochsgebiet. Foar Wesdorp leit dit oars. Doe't de oarloch yn Oekraïne útbruts, frege har sjef fan it Nederlands Dagblad wa't dêr ferslach dwaan woe. De hân fan de Friezinne gie resolút omheech.

Ferlangen nei autonomy

In komplete sprong yn it djippe wie it lykwols net. Earder wurke se yn konfliktgebieten as Irak en Koerdistan en it flechtlingekamp op Lesbos. Sa komme har beide stúdzjes, antropology en sjoernalistyk, mei-inoar yn har wurk. Altyd as freelancer, ek yn Oekraïne, fanwegen har sterke ferlangen nei autonomy.

"Ik kom met mijn eigen verhalen. Doe alles zelf. Precies zoals ik het wil hebben."

Daphne Wesdorp © Omrop Fryslan

Doe't se op tv âldere Oekraynske froulju oefenjen seach mei in houten gewear, luts it lân stevich oan har jas. Dêr moast se hinne. "Eerst dacht ik dat vooral het Midden-Oosten mij trok. Maar toen besefte ik dat het iets anders was: respect voor bewoners die vastberaden zijn om hun land te verdedigen. Voor hen wil ik wat betekenen", seit se.

"Hoe? Door hun verhaal te documenteren. Zodat niemand eromheen kan."

Spanning om te snijen

Op 4 maart ferline jier kaam se oan yn it sa teistere lân. Yn Lviv fernaam se noch net folle fan oarlochshannelingen. Dat feroare doe't se nei oare plakken gie. Yn Odessa rûn Wesdorp troch ferlitten strjitten en trof se antytankbarrikaden oan op de bûlevaars.

De foto-eksposysje Between yellow and blue in Museum Opsterlân is fanwegen sukses fan 19 jannewaris ôf opnij te sjen.

Earder wiene de foto's fan Daphne Wesdorp der oant 15 novimber te bewûnderjen.

De spanning wie om te snijen, wit se noch goed. "De oorlog was pas begonnen. Ik wist nog niet goed wat er om me heen gebeurde. En ook de bevolking tastte in het duister." Mei in fikser - in lokale ekspert dy't as oersetter en kontaktpersoan optreedt - lûkt se sûnt dy tiid troch it lân.

De gaos yn 'e mjitte

Doe't se in pear wiken letter Charkov binnenkaam, seach se de grutte ferwoasting. Kapotsketten gebouwen en útbrânde auto's dominearren it strjittebyld. Sawol yn it noarden as it easten fan 'e stêd stiene de Russen op mar twa kilometer ôfstân fan har.

"Ik zat in de frontlinie. Iets wat ik nog nooit eerder had meegemaakt. Het was erg intens. Je kon de bommen soms horen vallen, maar bang was ik niet."

Ik maakte foto's van ambulancepersoneel, toen een mortier twintig meter bij ons vandaan insloeg.
Daphe Wesdorp

Letter krige de eangst har wol yn 'e greep. "In april ging ik met twee andere journalisten mee met een ambulance. Ik maakte foto's van het personeel, toen zo'n twintig meter bij ons vandaan een mortier insloeg. We zochten meteen dekking achter een muur", fertelt se.

"Het personeel dook onder de ambulance en zag de scherven langs de auto vliegen. We zijn daar toen heel goed weggekomen."

Nettsjinsteande de enoarme eangst, wie dit foar har wichtich om mei te meitsjen. Troch dy ûnderfining waard se alert en foarsichtich. It hat har neffens eigen sizzen ynsjen litten om gjin grinzen oer te gean.

Unfoarsisber libben

Sykjend nei it persoanlike ferhaal lûkt Wesdorp by ferskate plakken yn it oarlochsgebiet del. De iene kear beselskippe troch sjoernalisten, de oare kear folslein allinnich. Sliepe docht se yn hotels, of ferlitten apparteminten. Foar hoelang is altyd mar de fraach.

In ferwûne Oekraynske soldaat wurdt ferplege © Daphne Wesdorp

Soms bart der in hiel skoft neat. Mar dat kin ynienen feroarje. Dan wurdt se nachts wekker skodde om bygelyks foto's te meitsjen yn in sikehûs. "Dus nee, het is hier niet om half één lunch en om vijf uur naar huis."

Oer de liken stappe

Yn Oekraïne is se tsjûge fan talleaze trageedzjes. Neist it sjen fan leed, wanhoop en misêre, komt ek de dea geregeld op har paad. Lykas dy kear yn Charkov, nei in bomoanslach. "Een ware massamoord, met zo'n veertig doden. Ik moest op straat over de lijken heen stappen."

Dochs wit Wesdorp de rêch rjocht te hâlden. Yn 'e rin fan 'e tiid hat se yl krigen. Boppedat tsjinnet har kamera as skyld tusken har en alle ellinde dy't him opdocht yn har gesichtsfjild. "Ik weet mijn werkmodus te behouden."

"Natuurlijk vecht ik weleens tegen de tranen. Maar zoals een vrijwilliger tegen me zei: 'als je een kikker in heet water gooit, springt-ie er in paniek uit. Maar als je hem in koud water legt en het langzaam warm laat worden, dan blijft-ie zwemmen tot ie kookt'. Zelfs zo'n extreme staat van oorlog gaat wennen."

Het is alsof de mensen hier elke dag wakker schrikken uit een koortsdroom. De houdbaarheidsdatum komt in zicht.
Daphne Wesdorp

It betsjut lykwols net dat bewenners de situaasje op har berin litte. Wesdorp sjocht dat elk minske in plafond hat wat it ynkassearjen fan leed oanbelanget. Se rommet de fearkrêft dy't de Oekraïners sjen litte, mar sjocht dat dy fear stadichoan op knappen stiet.

"Iedereen is het spuugzat. In het begin wilden soldaten niet stoppen voor de Krim en de Donbas heroverd waren", fertelt se. "Maar die strijdbaarheid neemt af. Het is alsof ze elke dag wakker schrikken uit een koortsdroom. De houdbaarheidsdatum komt in zicht."

© Daphne Wesdorp

Wesdorp wurdt sels om de twa moanne wekker by har âlden yn Bakkefean. Om foar te kommen dat se opbrânt. Famylje en rêst as tsjinwicht foar bloed en ferwoasting. "Dat is het grote verschil tussen mij en de mensen daar: hen overkomt het gevaar. Voor mij is het een afweging."

Tsien miste oproppen

Yn dizze turbulinte tiden foarmje har âlden mear as ea in steunpylder. Sûnder harren soe se dit libben net liede, seit Wesdorp. "Ze helpen me enorm, staan altijd voor me klaar. Soms voel ik me schuldig dat ik ze zo bezorgd maak."

As yllustraasje: "Toen ik in het begin van mijn verblijf bij het front was, moest ik mijn telefoon uitdoen. Anders kunnen de Russen je detecteren. Dat was ik vergeten te vertellen aan m'n ouders. Toen ik m'n mobiel na zes uur weer aandeed, had ik tien gemiste oproepen. Allemaal van mijn moeder. Doodsbang dat er iets gebeurd was."

Ik word gillend gek als ik hier zou blijven. Normaal is niet genoeg meer.
Dapne Wesdorp

Yn Bakkefean is Wesdorp graach yn de waarmte fan har famylje. Doch is der altyd wer gau ûnrêst, en lûkt it langstme om werom te kommen altyd wer oan it langste ein.

De futiliteiten yn Fryslân foarmje in te grut kontrast mei har libben yn Oekraïne. "Ik krijg dan het gevoel dat ik stilsta. Dat ligt niet aan de omgeving of de mensen hier. Maar als je zoveel prikkels bent gewend in een oorlogssituatie, dan wordt alles erg snel saai", seit se. "Ik word gillend gek als ik zou blijven. Normaal is niet genoeg meer."

© Omrop Fryslan

Underwilens skeuvelje yn it museum de earste besikers by de foto's del. Wesdorp sjocht dernei mei in mingeling fan beskiedenheid en grutskens. "Niet omdat het mijn foto's zijn. Maar omdat je zo in het verleden kan duiken."

"Een kijkje nemen in het eerste jaar van de oorlog in Oekraïne. Oftewel: de prijs die de burgers betalen, de bevrijde gebieden, humor, de verwoesting in het land, en het kranige verweer van het volk", seit Wesdorp. "En zonder deze foto's, had militair Mark voor de bezoekers nooit bestaan."