Cambuur slút oan by top earste divyzje nei winst op VVV-Venlo

© Dijks Media

SC Cambuur hat de útwedstriid tsjin VVV-Venlo mei 1-2 wûn. Yn de earste helte hearsken de Ljouwerters, mar yn de slotfaze waard it dochs noch spannend.

By Cambuur wienen ynternasjonals Sekou Sylla en Roberts Uldrikis werom. Thomas Poll en Wiebe Kooistra sieten dêrtroch op de bank.

Opstelling SC Cambuur: Van Osch; Caschili, Bergsma, Smand, Sylla; De Jong, Breij, Van Kaam; Balk, Uldrikis en Smit.

Al nei 5 minuten kaam Cambuur op in 0-1 foarsprong. Roberts Uldrikis lei de bal goed werom op Fedde de Jong, dy't de bal fan bûten it strafskopgebiet yn de linkerhoeke skeat.

In pear minuten letter hie Cambuur alwer in grutte kâns. In goede counteroanfal koe dochs net ôfrûne wurden troch Milan Smit, syn ynset einige yn de hannen fan VVV-doelman Jan de Boer fan Sleat.

Cambuur fiert in doelpunt tsjin VVV © Dijks Media

Nei in lytse 20 minuten wie it wol raak foar Smit. Remco Balk kaam goed troch oan de rjochterkant en lei de bal foar de fuotten fan de topskoarer fan de Ljouwerters. Hy bleau kalm foar de goal en skeat de 0-2 binnen.

Cambuur hearsket

In pear minuten letter waard VVV foar it earst gefaarlik. Mounir Allouch skeat de bal op de peal en Cambuur-keeper Yannick Van Osch pakte dêrnei in kopbal van spits Pepijn Doesburg.

Foar it skoft krige Cambuur noch kânsen om de tredde goal te meitsjen. Balk syn ynset waard goed pakt troch keeper De Boer, wylst Uldrikis syn skot krekt oer de goal fleanen seach.

De Ljouwerters hearsken yn it earste bedriuw en gienen dus mei in fertsjinne 0-2-foarsprong oan de tee.

Keeper Jan de Boer fan Sleat hie it dreech © Dijks Media

VVV kaam wat better út it skoft en waard stadichoan wat sterker. Dit resultearre lykwols net fuortendalik yn grutte kânsen.

De twadde helte waard foar Cambuur ûntsierd troch twa blessueres. De earste wie in op it each slimme blessuere oan de knibbel foar rjochtsefter Gabi Caschili. Hy moast op in brankaar fan it fjild. Ek Léon Bergsma moast der in pear minuten letter ôf mei in blessuere.

VVV makket it noch spannend

Oan it ein fan de twadde helte wist VVV dochs te skoaren. Ynfaller Richard Sedlacek krige de bal foar de fuotten en skeat fan de râne fan it sechstjinmetergebiet ôf binnen.

Yn de lêste minuten fan de wedstriid gong de ploech út Venlo op syk nei de lykmakker, mar dy kaam der nettsjinsteande in grutte kâns fan Thijme Verheijen net. Sa wûnen de Ljouwerters mei 1-2 yn Limboarch.

Cambuur hat no 27 punten en meldt him yn de top fan de Keuken Kampioen Divisie.