Liveblog | 26 novimber 2023

Sportnijs: Caschili ûndersocht yn sikehûs om knibbelblessuere | Bûtenpost ferliest yn Lichtenvoorde

Yn dit blog hâlde wy jo op de hichte fan de lêste ûntwikkelingen oangeande de sport yn Fryslân

Lêst bywurke: 26 novimber 2023, 17:15
snein 26 novimber 2023
17:15

Caschili ûndersocht yn sikehûs om knibbelblessuere

Gabi Caschili © Orange Pictures

It is noch net dúdlik hoe slim it is mei de knibbelblessuere fan Cambuur-ferdigener Gabi Caschili. Hy foel freed blessearre út yn it duel mei VVV-Venlo. Caschili waard mei in brancard fan it fjild droegen. Hy wurdt moandei yn it sikehûs fierder ûndersocht.

Ek twa oare ferdigeners, Floris Smand en Léon Bergsma, foelen yn dat duel út mei in knibbel- en ankelblessuere. Nei alle gedachten binne se wol wer optiid fit foar de wedstriid fan freed tsjin FC Eindhoven.

17:06

Reijen ferruilet Cambuur foar Feyenoord

Etiënne Reijnen sil mei Cambuur folgjend jier nei it nije stadion © Dijks Fotografie

Technysk direkteur Etiënne Reijnen hâldt op by SC Cambuur. Hy sit der krekt in healjier, mar it is sa goed as wis dat er oerstapt nei Feyenoord. Dêr wurdt er assistint-trainer.

16:20

Bûtenpost ferliest

© Orange Pictures

VV Butenpost hat yn Lichtenvoorde de wedstriid tsjin Longa 30 ferlern mei 3-0.

sneon 25 novimber 2023
22:43

Hearrenfean wint wer: "Je ziet het elftal groeien, het gaat iedere week beter"

© Orange Pictures

Trainer Kees van Wonderen fernimt dat de sfear yn it team feroare is, no't der wer wûn wurdt. "De jongens zitten beter in hun vel."

Hearrenfean wûn mei 3-0 fan Fortuna, mar it hie samar ek oars wêze kind, seit Van Wonderen. As dy iene bal net tsjin de peal gien wie, mar yn de goal, hie it 1-1 west. Dat ha je in hiele oare wedstriid. "Op de juiste momenten zat het mee."

22:41

Winst yn eigen hûs foar UNIS Flyers

© Martin de Jong

UNIS Flyers hat yn eigen hûs in oerwinning pakt op Snackpoint Eaters Limburg út Geleen. Yn de BeNe League-wedstriid waard it 4-3 foar de iishockeyploech fan It Hearrenfean.

22:19

Friso Snits ferliest fan Apollo 8

De follybalsters fan Friso Snits ha ferlern fan Apollo 8 út Borne. Yn de Snitser sporthal waard it fia de setstannen 26-28, 28-30 en 20-25, 3-0 foar de gasten.

De Snitsers stean no tredde yn it klassemint, mei 18 punten út 8 wedstriden. Kommende woansdei spilet Friso Snits thús tsjin Sudosa-Desto út Assen.