FIDEO: Arie Bruinsma finisht syn 'Rin fan it Libben' fiif jier nei harsenynfarkt

FIDEO: Arie Bruinsma finisht syn rin fan it libben

Fotograaf Arie Bruinsma hat fiif jier neidat hy troch in swier harsenynfarkt yn in rolstoel bedarre syn earste maraton folbrocht. It is in nije start foar de Sint Nykster. Mei de 'Rin fan it Libben' fiert er syn fiifde, sa't er it sels neamt, 'Rebirthday'.

Bruinsma wit mar al te goed hoe't it is om net bewege te kinnen, dêrom sammelet hy mei de tocht jild yn foar it Foppefonds. Dat is foar jongerein foar wa't sporten net fanselssprekkend is, fanwegen in lichaamlike of ferstanlike beheining of omdat âlden troch finansjele omstannichheden harren bern net sporte litte kinne.