Pelle van Amersfoort krijt opnij de foarkar yn de spits boppe Ion Nicolaescu

Pelle van Amersfoort © Orange Pictures

Pelle van Amersfoort krijt ek tsjin Fortuna Sittard it fertrouwen fan trainer Kees van Wonderen. Van Amersfoort, fan orizjine in middenfjilder, stiet yn de spits en hâldt miljoene-oankeap Ion Nicolaescu op de reservebank.

Van Amersfoort makke dit seizoen syn earste doelpunten foar Hearrenfean yn it bekerduel tsjin VVV-Venlo (3 kear). Mar doe wienen der al 10 kompetysjewedstriden spile. Yn de foarige wedstriid tsjin Vitesse skoarde hy syn earste kompetysjedoelpunt.

"Pelle gaat starten, daar zijn we tevreden over", seit Van Wonderen. "Bovendien is Ion (Nicolaescu, red.) niet helemaal fit, dus het is logisch om op dezelfde weg door te gaan. Als iemand het laat zien en werkt en scoort voor de ploeg, dan ga je daar niet aan sleutelen."

Kees van Wonderen jout Pelle van Amersfoort it fertrouwen

Dochs lit Van Wonderen witte dat Nicolaescu nei alle gedachten wol minuten krije sil: "Pelle gaat starten, maar dat wil niet zeggen dat we Ion niet gaan brengen, zodat hij de wedstrijd net zoals tegen Vitesse op slot kan gaan gooien. Als je heel veel in de zestien van de tegenstander komt, dan heb je met Ion een goed wapen: hij kan de ballen erin 'jassen'."

De wedstriid sc Hearrenfean - Fortuna Sittard is sneontejûn om 18.45 oere. De wedstriid is live te folgjen by Omrop Fryslân op de radio. It kommentaar komt fan Arjen de Boer.

Troch oerwinnings op Heracles Almelo (3-0) en Vitesse (1-3) Stiet Hearrenfean no op it tsiende plak mei likefolle punten as Fortuna Sittard, dat wol in better doelsaldo hat.

Mar it sit allegear ticht by elkoar. It gat tusken de nûmer 7 (Excelsior) en de nûmer 16 (FC Utrecht) is mar 6 punten. Hearrenfean treft de kommende wiken mei Fortuna Sittard, Almere City en Volendam allegear ploegen dy't yn dat rychje steane. Van Wonderen is posityf en fynt dat syn ploech de lêste wiken it paad omheech fûn hat.

"We beginnen wedstrijden te winnen en ook overtuigender te spelen. Dan tref je nu met Fortuna een ploeg die dichtbij je in de buurt staat, maar de verschillen zijn klein."

Pawel Bochniewicz is in grut fraachteken

Nei it interlânwykein binne in oantal spilers weromkaam mei wat lytse blessueres. Ien fan dy twifelgefallen is Pawel Bochniewicz."Pawel is een groot vraagteken", seit Van Wonderen.

Bochniewicz spile mei Poalen de ynterlân tsjin Tsjechië (1-1), mar foel út mei in rêchblessuere. Hy trainde freed net mei op it fjild en it is de fraach hoelang't Hearrenfean syn sintrale ferdigener kwyt is.

Pawel Bochniewicz yn it shirt fan Poalen © ANP

Mar net allinnich it meidwaan fan de Poalske ferdigener stiet faai. Van Wonderen: "We hebben wat zieken in onze selectie en wat Sahraoui en Walemark betreft, daarvoor geldt ook steeds 'wat is verstandig? Hoe reageren ze op belasting?' Maar dat ziet er wel hoopvol uit, want we hebben goed met ze kunnen trainen."