FIDEO: Bysûnder fûgeltsje strykt del yn Ljouwerter wyk Camminghabuorren

© CAMJO Media

De sidesturt ('pestvogel' yn it Hollânsk) bringt tsientallen fûgeltsjeminsken hjoed nei de Ljouwerter wyk Camminghabuorren. It opfallend kleurde fûgeltsje komt gewoanwei benammen yn Skandinavië of Ruslân foar, mar net yn 'e winter.

De sidesturt fljocht, as er te min beikes fine kin yn it Noarden, nei ús lân ta. Dat komt lykwols net faak foar. Dêrom gripe dizze fûgelspotters har kâns. Dizze wike waard yn it Noard-Hollânske Hoarn ek al in pestfûgel sjoen.

Sidesturt yn Ljouwert

It lytse fûgeltsje hat in opfallende kúf en prachtige felle kleuraksinten. Hy hjit 'pestvogel' om't er eartiids sjoen waard as bringer fan ûnheil, lykas de pest.