Steatefraksjefoarsitter VVD oer beslút Yeşilgöz om net yn kabinet te wollen: "Dit is te vroeg"

Fraksjefoarsitter Eric ter Keurs fan VVD Fryslân © Omrop Fryslân

Fraksjefoarsitter Eric ter Keurs fan VVD Fryslân fynt dat partijlieder Dilan Yesilgöz te betiid is mei har meidieling net yn in kabinet te wollen. Yesilgöz makke freedtemoarn bekend dat de VVD-fraksje yn de Twadde Keamer net meidocht oan in sintrum-rjochts kabinet.

Wol seit Yesilgoz dat se sa'n kabinet gedoge wol. "De grote winnaars zijn de PVV en NSC. Ons past na dertien jaar een andere rol. De kiezer heeft ook gezegd: VVD, sla een rondje over", sa joech de partijlieder fan de liberalen oan.

Eric ter Keurs hie leaver hân dat syn partijlieding earst de petearen ôfwachte hie. "Ik kan me voorstellen dat deze keuze gemaakt wordt, maar ik vind de timing iets te vroeg", seit hy.

Ter Keurs: earst ynterne diskusje

Boppedat hie der yntern ek diskusje fierd wurde moatten, fynt hy. "Wat is wijsheid, welke koers moeten we varen? Ik merk bij de achterban dat hier best wisselend op gereageerd wordt. De achterban is gewoon verdeeld."

VVD'er Eric ter Keurs hie gedoochbeslissing no noch net ferwachte

In part fan de VVD'ers fynt gearwurking mei de PVV prima, mar in oar part hat dêr grutte muoite mei, tinkt Ter Keurs. "Blijkbaar is meedoen voor de fractie een brug te ver", seit hy. "Met een gedoogconstructie kom je wel tegemoet aan de wens van de kiezer om over rechts te gaan."

Risiko's fan kabinetsdielnimming

Yesilgöz jout oan it ferlies fan tsien sitten te grut te finen om echt diel te nimmen yn in kabinet. "Ieder argument heeft zijn eigen validiteit", seit Ter Keurs diplomatyk dêroer. "Ik denk dat er ook een risico zit in het instappen in zo'n kabinet. Dat heeft men afgewogen."

Geert Wilders (PVV) en Dilan Yeşilgöz (VVD) © ANP

De opsje dy't it faakst neamd waard de ôfrûne dei, soe in konstruksje fan de PVV en VVD mei NSC en BBB wêze. Dy lêste twa partijen binne noch relatyf nij, hawwe dêrtroch minder ûnderfining en dat bringt risiko's mei him mei foar de stabiliteit fan in kabinet.

"Ik kan me voorstellen dat dit een rol heeft gespeeld bij de afwegingen", seit Ter Keurs. "Dat men zegt daar de vingers niet aan te willen branden."

Wat je wel ziet is dat de VVD de afgelopen jaren onder Mark Rutte altijd voor het midden gekozen heeft. Mensen zijn daar klaar mee.
Eric ter Keurs, fraksjefoarsitter fan de VVD yn Provinsjale Steaten

"Daarnaast heeft de VVD een aantal principiële bezwaren tegen de PVV. Op een aantal dossiers zijn we het niet eens: artikel 1 van de Grondwet, hoe we tegen Europa aankijken, fundamentele discussies. Als je zegt 'wij gaan mee in een kabinet', moet je het op zulke dossiers eens worden of je moet ze parkeren. Dat is lastig."

Oare partijen gedoge

In foardiel fan in gedoochkonstruksje soe wol wêze dat it ûnderhanneljen yn in formaasje makliker giet, tinkt de Fryske fraksjefoarsitter. "Als je helemaal wilt gaan meedoen, teken je ook bij het kruisje. Dan krijg je heel lange onderhandelingen, vermoed ik."

Ter Keurs hat wol de grutte foarkar foar in echt rjochts kabinet. "Wat je wel ziet is dat de VVD de afgelopen jaren onder Mark Rutte altijd voor het midden gekozen heeft. Mensen zijn daar klaar mee. Je ziet dat men toch niet goed uit belangrijke dossiers is gekomen. Er zijn veel dingen blijven liggen."

Fraksjefoarsitter Eric ter Keurs fan VVD Fryslân © Omrop Fryslân

In kar foar GroenLinks-PvdA leit dêrom wat Ter Keurs oanbelanget net foar de hân. "Laat die verkenning over rechts maar eens z'n plek vinden. De bevolking heeft duidelijk gezegd: het moet naar rechts. Dat zie je ook duidelijk aan de opkomst van de PVV, dat is een duidelijk signaal dat het die kant op moet. Dat kun je niet negeren."

Net allinne op asyl en migraasje, ek op dossiers as miljeu, finânsjes en wenningbou kin de VVD as gedoochpartner wol stipe jaan oan in nij kabinet, tinkt Ter Keurs.