Fryske boskwachters nei Den Haach om op te kommen foar natuerbeskerming

© ANP

Wylst de polityk yn Den Haach him bûget oer hoe't it fierder moat mei de kabinetsformaasje, binne der hjoed sa'n 250 boskwachters út it hiele lân te finen yn de Hôfstêd. Se freegje de polityk lieders fan alle partijen om de natuer better te beskermjen yn it folgjende koälysje-akkoart.

Bestjoerder fan Natuurmonuminten Fryslân en Grinslân Jorien Bakker rint ek mei. "Uit onderzoek blijkt dat 86 procent van de Nederlanders vindt dat er iets moet gebeuren, en eigenlijk ook zo snel mogelijk om de natuur te herstellen. Dat kan niet wachten", seit se.

Nettsjinsteande de winst fan de PVV, de partij dy't net fan doel is in soad te dwaan oan natuerbeskerming, litte de boskwachters har net út it fjild slaan. "We staan hier om aandacht te vragen aan alle kamerleden van links tot rechts, maakt niet uit."

Koälysje-akkoart

De boskwachters ha fuortendaliks nei de fal fan it foarrige kabinet al besletten om dizze mars te organisearjen. Sy wolle dat yn it folgjende koälysje-akkoart foldwaande romte en jild bliuwt foar betterskip foar natuer. Sa no en dan komme keamerleden nei bûten om har ferhaal oan te hearren, fertelt Bakker.

Maatregelen zijn hard nodig en dat moet ook gewoon van Europa.
Jorien Bakker, bestjoerder Natuurmonumenten yn Fryslân en Grinslân

It giet min mei de natuer sizze de belangegroepen, der moat dus gau wat barre. "Op heel veel plekken hebben we te maken met verdroging en stikstof, wat zorgt voor slechte effecten als grasgroei in heidetereinen. Met bossen gaat het slecht en natuurlijk ook met de biodiversiteit: insectensoorten gaan hard achteruit. Maatregelen zijn hard nodig en dat moet ook gewoon van Europa", seit bakker.

"Natuur is leven"

Neffens Natuurmonuminten moat benammen rap úteinsetten wurden mei it tsjingean fan loazingen yn it wetter en it tsjingean fan stikstofútstjit.

Natuerbeskerming wie net in grut tema yn de kampanje de ôfrûne tiid. Dochs bliuwt Bakker posityf: "Dat het daar niet over gaat in de campagne zegt niet dat mensen daar niet mee bezig zijn. Mensen in Nederland willen heel graag dat de natuur een toekomst heeft. Dat geldt ook voor hun eigen toekomst want natuur is leven.