It mkb kin bêst in toskje byskeakelje, it is goed foar de wolfeart yn it Noarden

Joyce Walstra © Omrop Fryslân

Mei-inoar binne se de rêchbonke fan de noardlike ekonomy. Mar yn harren prestaasjes bliuwe noardlike mkb-ûndernimmers achter by kollega-bedriuwen yn de rest fan it lân. Dat giet ta skea fan it ynkommen en de wolfeart fan de ynwenners fan Grinslân, Fryslân en Drinte.

Yn dizze útstjoering fan it tv-programma Stand van Noord-Nederland leit de fraach op tafel hoe sterk oft it noardlik midden- en lytsbedriuw is. De gasten yn de fjirde ôflevering yn dizze searje oer de noardlike ekonomy stelle unanym fêst dat hjir noch aardich wat winst te heljen is.

Noardlike mkb-bedriuwen fernije benammen minder en se eksportearje minder as ûndernimmers yn de rest fan it lân. Ek litte se kânsrike gearwurking mei bygelyks hegeskoallen, de universiteit en mbo-opliedingen lizze.

Sjoch hjir nei de fjirde ôflevering fan De Stand fan Noord-Nederland:

"Ik heb hier inderdaad nog wel wat wensen", seit foarsitter Joyce Walstra fan ûndernimmersferiening MKB Noord yn Stand fan Noard-Nederlân. "In onze regio is een relatief klein deel van het mkb hoog innovatief en stuwend."

Grutste wurkjouwer

Mei-inoar giet it yn de trije noardlike provinsjes om sa'n fyftichtûzen bedriuwen. Dêrmei is it mkb de grutste wurkjouwer yn Noard-Nederlân, seit Walstra mei klam.

Thijs Broekhuizen © Omrop Fryslân

As bedriuwen yn ús regio minder eksportearje en ynnovearje, dan litte se jild en mooglikheden lizzen en sille se dus minder fertsjinje, seit ekonoom en ynnovaasjespesjalist Thijs Broekhuizen fan de RUG. Dat set úteinlik in rem op de wolfeart.

Broekhuizen: "Bedrijven kunnen dan niet de salarissen bieden die bedrijven betalen die harder groeien. Gebeurt dat jaar op jaar, dan groeit het verschil in inkomen tussen de noorderling en mensen elders steeds verder."

De slach dy't it mkb meitsje moat op it mêd fan ûnder mear ynnovaasje yn it mkb is dêrom urgint, mar tagelyk ek kânsryk, ferklearret Broekhuizen.

Tinne ekonomy

Dat prestaasjes efterbliuwe hat grif ek te krijen mei it karakter fan de noardlike ekonomy, stelt Jan Post fan Philips yn Drachten, ferantwurdlik foar it Ynnovaasjekluster Drachten en ek heechlearaar digitale fabrikaasje oan de RUG.

Jan Post © Omrop Fryslân

Post wiist op de 'ile struktuer' fan bedriuwichheid. Omdat de tichtens fan ûndernimming hjir minder grut is, fine bedriuwen neffens Post inoar ek minder maklik.

Minder 'lûkers' dan earne oars

Wat ek net meihelpt, is dat de regio net in soad echte foarrinners hat, superbedriuwen lykas chipmachinefabrikant ASML yn Eindhoven, follet Broekhuizen oan. Bedriuwen dêr't in hiel netwurk omhinne ûntstiet fan oare ûndernimmingen dy't inoar op sleeptou nimme.

Dat wol net sizze dat de regio gjin 'lûkers' ken. Direkteur Claudia van den Pol operearret mei har bedriuw Apollo út Coevorden mondiaal en sjocht harsels as fernijend. Apollo, 175 jier âld, 250 wurknimmers, makket transportsystemen foar yndustrybedriuwen. Se seit in hiel oar byld fan har kollega-mkb-ûndernimmers te hawwen.

Claudia van den Pol © Omrop Fryslân

"Ik ken veel innovatieve ondernemingen in Noord-Nederland'', stelt Van den Pol yn de tv-útstjoering. "We kennen ze misschien niet goed genoeg. We mogen onszelf hier best wat meer op de borst kloppen." Elk Calimero-gefoel op dit punt is totaal mispleatst, fynt de Drintske ûndernimmer.

Op de tromme slaan

Dêr is yndie noch in wrâld te winnen, mient ek foarsitter Walstra fan MKB Noord. Se fynt dat bedriuwen hjir sels wat hurder op de tromme slaan meie: "Regelmatig vertel ik groepen jongeren of studenten over het mkb hier. Dan toon ik ze een sheet met logo's van heel mooie noordelijke bedrijven. Meestal kennen ze er geen enkele. Ze kennen ASML of FrieslandCampina eerder dan vrijwel ieder willekeurig mkb-bedrijf uit hun eigen regio."

Hoewol't Walstra kritysk is op har efterban, nimt se it yn de útstjoering der foaral foar op. "In het grootste gedeelte van onze mkb-bedrijven in Noord-Nederland is de ondernemer zelf gewoon meewerkend voorman of meewerkende voorvrouw", sa seit Walstra. "Die is gewoon van half acht 's ochtends, tot 's avonds laat bezig in zijn bedrijf. Ze zien het belang van vernieuwing vaak wel, maar ze hebben ook vaak geen idee waar ze de tijd vandaan moeten halen."

Stand van Noord-Nederland is in searje programma's oer de noardlike ekonomy, makke troch RTV Noord, RTV Drenthe en Omrop Fryslân yn gearwurking mei de SER Noord-Nederland.

Online is de útstjoering no al te sjen, op telefyzje is Stand van Noord-Nederland by Omrop Fryslân te besjen op freed om 17.30 oere en wurdt dêrnei alle oeren werhelle.