HEA! Elektryske scooters en âlde lp's

HEA! Elektryske scooters en âlde lp's

Thonnis de Jonge en Bernard Berg binne yn in loads yn Bitgummole dwaande mei harren hobby: elektryske scooters ferbouwe. Op dit stuit binne de manlju in elektryske dragster oan it meitsjen. Oft it ride kin, is noch mar de fraach, mar it is wat in oar net hat, en dat fine se moai.

De manlju binne skoallekameraden en ha elkoar dêrnei út it each ferlern. Jierren letter kamen se praktysk neist elkoar te wenjen en ha se de tried wer oppakt. Tegearre piele se oan auto's en scooters en lústerje se nei âlde grammofoanplaten.