Aksjegearkomst tsjin útsluting nei ferkiezingsútslach komt ek yn Ljouwert

© ANP

Nei Amsterdam en Utrecht folget ek yn Ljouwert in aksjegearkomste fan minsken dy't soargen hawwe oer de ferkiezingsútslach.

Dizze gearkomste hat snein plak op it Aldehoustertsjerkhôf. "Hand in hand tegen polarisatie", sizze de inisjatyfnimmers.

De organisatoaren binne fan ferskate maatskiplike organisaasjes, ynstellings en partijen. Sy roppe op ta 'treast en stipe'. "Het is geen demonstratie. Dus geen spandoeken of geschreeuw maar liefde en licht." Elkenien wurde útnûge om in ljochtsje mei te nimmen.

Tsjin útsluting

De ôfrûne dagen wiene der ek fan dit soarte gearkomsten yn Amsterdam, Utrecht en Nijmegen. Inkele tûzenen minsken lieten doe sjen soargen te ha oer de takomst, no't de PVV fan Geert Wilders de ferkiezingen wûn hat. Se binne benaud foar noch mear polarisaasje yn de mienskip en foar útsluting fan befolkingsgroepen.

De aksje begjint snein om 17.00 oere.