Man dy't op groep Friezen skeat yn Grins giet yn heger berop

De plysje yn de Haddingestraat © ANP

De 25-jierrige Jarich M. dy 't ferline jier july yn de Haddingestrjitte yn Grins de 50-jierrige André Tromp út Ljouwert deaskeat, giet tsjin syn feroardieling yn heger berop.

M. krige foar deaslach, besykjen ta deaslach op fiif oare persoanen fan de groep Friezen en ferbean wapenbesit fjirtjin jier sel oplein. Twa leden fan de groep rekken ferwûne.

Meiferantwurdlik

Tsjin M. wie sechstjin jier sel easke. De rjochter fûn dat net allinnich M. ferantwurdlik wie foar it konflikt dat ûntstien wie tusken him en de groep. Ek de manlju út Fryslân kin in ferwyt makke wurde, oardiele de rjochter. M. en de groep út Fryslân kamen mei-inoar yn konflikt by kafee d'Olle Grieze yn it sintrum fan de Stêd. De Friezen fierden in frijgesellejûn.

Fiif skotten

M. sette ôf op in fyts en kaam mei in auto werom. Kamera's yn de buert leine de rûzje fêst. Hjirop is te sjen dat de 'Stadjer' de groep útdaget op strjitte. Al flessesmitend en skreauwend komt de groep op M. ôf. Dy fjurret fiif kear ôf op de Friezen. Tromp rint foarop en wurdt as earste rekke. Hy sakket del op strjitte en stjert letter yn it sikehûs.

By de sitting berôp M. him oanhâldend op needwar. Hy wie dejinge dy't opjage waard, sei syn advokaat. M. rekke yn panyk en skeat. De man út Grins is it dêrom net iens mei de straf en leit de saak foar oan it gerjochtshôf.