Max Aardema (PVV) jout Steaten op foar Twadde Keamer: "Mei pine yn it hert"

Max Aardema mei foar Geert Wilders nei Den Haag © ANP

Max Aardema jout syn sit yn Provinsjale Steaten op, no't hy foar de PVV de Twadde Keamer yn mei. "Mei pine yn it hert", seit hy..

Aardema stie op plak 19 op de lanlike kandidatelist foar de PVV. Om't de partij op 37 sitten út liket te kommen, stiet wol fêst dat de PVV'er út Drachten de Twadde Keamer yn mei.

Hy jout de provinsje dus op. "It sil wol moatte. Tiid en ôfstân binne net te kombinearjen", seit Aardema.

Wouter Beijert is op dit stuit beliedsmeiwurker foar PVV Fryslân © PVV Fryslân

De PVV-sit yn de Steaten skoot troch. Op dit stuit is neist Aardema ek Harrie Graansma (fan Boelensloane) Steatelid, hy wurdt no de earste man. Wouter Beijert (fan Oerterp) stie as tredde op de provinsjale list. Hij hat witte litten dizze sit net yn te nimmen.

Nei him stie Jeffrey Graansma op de list, de soan fan Harrie. It is net dúlik oft hy no Steatelid wurdt.

Max Aardema yn 2011 © Omrop Fryslân

Aardema is it Steatelid mei de measte ûnderfining yn Fryslân. Hy sit al sûnt 2011 yn Provinsjale Steaten en is mei syn fjirde termyn dwaande. Troch de oerstap fan Aardema is Harrie Graansma aanst de man mei de measte jierren yn de Steaten.