Fries Landbouwmuseum wreidet út om in ikoan sjen te litten: it Fryske hynder

In hynder yn it hjoeddeiske Fries Landbouwmuseum © Omrop Fryslân, Sian Wierda

It Fries Landbouwmuseum wurdt hast twa kear sa grut. Mei it jild dat de gemeente Ljouwert taseit, kin der in nije eksposysjeromte oer it Fryske hynder by komme. Fierder wurdt der in hoarekapart byboud, dat ek wyksintrum wurdt.

"Wy binne binne der hartstikke bliid mei", seit museumdirekteur Klaas Zandberg. "It is net in maklike tiid foar musea. Hielendal net foar ús, want wy binne in lyts museum. Mar wy wurde flink grutter: hast twa kear sa grut."

Foar in grut part giet de nije romte nei in in permaninte tentoanstelling oer it Fryske hynder. "Ien fan de ikoanen fan Fryslân", sa is Zandberg fan betinken. Likegoed yn binnen- as yn bûtenlân is ús Fryske hynder tige populêr.

It Fryske hynder moat toeristen lûke

Alle jierren komme der tûzenen besikers nei Ljouwert ta om de grutte hynsteshows te sjen. De hynstewrâld is grut yn ús provinsje mei de KFPS (Koninklijke Vereniging Het Friesch Paarden-Stamboek), fokkers, koersen, keuringen en de hannel yn hynders. Mar in fêst plak tusken it Fryske erfgoed hie it hynder noch net.

"Der komme wol ien of mear opsetten hynders, mar ek karren, assessoires, túch, foto's en films. It wurdt ek ynteraktyf", fertelt Zandberg. "De saakkundigen tinke dat der in soad toeristen op ôf komme."

De fêste útstalling yn it Fries Landbouwmuseum © Omrop Fryslân, Sian Wierda

Troch Stichting Alde Fryske Pleatsen en in legaat wie der al jild beskikber, mar troch de 200.000 euro subsydzje fan de gemeente Ljouwert kinne de plannen no echt úteinsette.

Wyksintrum Middelsee

"Wy krije jild út de toerisme- en de stedsútwreidingspot fan de gemeente", fertelt Zandberg. Want der komt net allinne eksposysje- en edukative romte by, mar ek mear hoarekaromte. Dat kin tagelyk tsjinje as buertsintrum foar de wyk Middelsee.

De bedoeling is dat de útwreiding begjin 2025 oplevere wurde kin. Dat is ek in jubileumjier foar de museumkolleksje, dy't dan hûndert jier bestiet.