Jan de Boer fan Sleat giet mei VVV-Venlo foar fjirde 'clean sheet' tsjin Cambuur

Jan de Boer © Orange Pictures

Jan de Boer fan Sleat is de earste doelman fan VVV-Venlo, de nûmer 7 fan de earste divyzje. Freed nimt er it op tsjin SC Cambuur.

De Boer komt út de jeugdoplieding fan sc Hearrenfean en stie sûnt de simmer fan 2019 ûnder kontrakt by FC Grins. Yn totaal spile er fjouwer offisjele wedstriden foar dy ploech, mei ûnder oaren in 4-2 oerwinning op PSV.

Ofrûne simmer makke de 23-jierrige De Boer transferfrij de oerstap nei VVV-Venlo, nei't er ek noch efkes meitraind hie by SC Cambuur. Yn Limburch tekene er in kontrakt foar twa jier mei in opsje foar noch in jier.

Do hast ferline seizoen in soad ûnrêst meimakke by FC Grins, hoe befalt de oäze fan rêst by VVV-Venlo?

"Bij Groningen ging het vorig jaar soms echt te ver, bijvoorbeeld toen Jetro (Willems, red.) op zijn hoofd werd geslagen.

Groningen is gewoon een grote club. Elke uitwedstrijd was het uitvak helemaal uitverkocht. De supporters hebben zoveel voor de club over en ze kregen er zo weinig voor terug, dan snap je ook wel dat ze boos zijn. Al wil ik het absoluut niet goedpraten. Hier in Limburg is het totaal anders, het is hier lekker rustig."

Michael Breij is een speler die boven het KKD-niveau zit. Die gaat volgend seizoen nog wel een stap maken.
VVV-Venlo-doelman Jan de Boer

Cambuur is mei 37 doelpunten de meast skoarende ploech fan de KKD. Do kinst dy mar klearmeitsje.

"Cambuur heeft met Milan Smit een talentvolle spits, Daniël van Kaam vind ik erg goed. En met Michael Breij hebben ze een speler die boven het KKD-niveau zit. Die gaat waarschijnlijk volgend seizoen nog wel een stap maken."

De wedstriid tusken VVV-Venlo en SC Cambuur begjint freedtejûn om 20.00 oere. It is live te folgjen by Omrop Fryslân op 'e radio yn in ekstra sportprogramma. Sportferslachjouwer Andor Faber fersoarget it kommentaar.

Sneon is yn it Cambuur Sjoernaal in wiidweidige gearfetting werom te sjen fan it duel.

Cambuur hat al fiif wedstriden op rige net mear ferlern. Leausto yn it 'Henk de Jong-effekt'?

"Ik heb nog nooit met Henk de Jong samengewerkt, dus dat is lastig te zeggen van een afstandje. Maar je hoort wel eens dat een nieuwe trainer niet per se iets beter of slechter doet, maar dat er toch een nieuwe impuls komt die de groep beter past."

Ik denk dat er heel veel ploegen serieus zullen meedoen om rechtstreekse promotie.
Jan de Boer

Cambuur hat ien punt mear as jimme, betsjut dat dat beide ploegen elkoar net in soad ûntrinne?

"Ik denk dat je dit jaar niet kan spreken van een top en een middenmoot: tot plaats 12 is het allemaal redelijk aan elkaar gewaagd. Het ontloopt elkaar niet zoveel. Dus ik denk dat er heel veel ploegen serieus zullen meedoen om de play-offs en om rechtstreekse promotie."

VVV hat fan de lêste 9 wedstriden mar 2 kear wûn. Stiet de druk der by jimme op?

"We hebben een moeilijk programma gehad en hebben bovendien een heel jonge groep. Dan is het soms wat wisselvallig. We winnen van de laatste 9 wedstrijden inderdaad maar twee keer, maar we staan nog steeds op een play-offplek. Dat zegt genoeg over deze competitie, er zijn veel ploegen die punten laten liggen."

Jan de Boer bringt rêding © Orange Pictures

Wy sjogge VVV net alle wiken fuotbaljen, op wa fan jimme moatte wy aanst lette?

"Middenvelder Levi Smans is een hele goeie, onze linksbuiten Soulyman Allouch is heel dreigend, onze linksback is goed. En met Roel Janssen en Moreno Rutten hebben we centraal achterin wat oudere jongens staan. Dus ik denk dat de balans van jong en oud best redelijk verdeeld is."

En in goeie keeper fansels!

"Dat is ook zo, dat zal ik vrijdag laten zien."

Wy wolle dochs graach in foarsizzing; Wat wurdt de útslach?

"Ik zeg 1-0 voor ons en dan heb ik mijn vierde 'clean sheet' te pakken. Daar teken ik voor."