Histoarysk Poptaslot-kacheltsje weromfûn: mar wêr binne de oaren?

Dit kacheltsje hat syn wei weromfûn nei Marsum © Omrop Fryslân

In âlde kachel is sûnt in pear dagen werom yn it gasthús fan it Poptaslot yn Marsum. De kacheltsjes wiene foar widdowen en net-troude froulju fan it gasthús, mar waarden oerstallich yn de jierren 1950 en ferdwûnen.

Op de kacheltsjes koene de froulju ek iten siede. It gasthús bestie út 28 húskes, der moatte dus ek 28 kacheltsjes wêze. Mar doe't de húskes yn de jierren 50 fergrutte en ferboud waarden, wiene de kacheltsjes en ek bysûndere 18e-iuwske 'krúsfoetkasten' net mear nedich.

It Poptagasthús © Omrop Fryslân

Se waarden útdield ûnder it personiel dat der doe wurke en oan kunde. "Ik werd opgebeld door een man uit Heerenveen", seit slotbewarder Gunar Boon. "Die man heeft 'roots' in Marsum en familie van hem zat in de schoonmaak van het slot. Hij bleek inderdaad een kacheltje van het slot te hebben."

Histoaryske wearde

De man hie earst al besocht it ding kwyt te reitsjen op Marktplaats, mar doe't dat net woe hat er it slot mar ris opbelle. De kacheltsjes binne dus ek net in soad jild wurdich. "Maar het heeft voor ons wel veel historische waarde", seit Boon.

Gunar Boon © Omrop Fryslân

In ferhaal giet dat keunstner Jopie Huisman in diel opkocht en wer ferkocht hat, hy wie nammentlik ek hanneler yn âld izer. Troch dat trochferkeapjen kinne se dus oeral wol wêze. "Maar ik denk dat de meesten toch in Fryslân zijn gebleven", seit Boon.

It Poptagasthús is oprjochte yn 1712 en stiet neist it Poptaslot yn Marsum. De 28 húskes wiene bedoeld foar widdowen en net-troude froulju dy't oars net rûnkomme koenen. Dy krigen alles fergees: iten, drinken en bûsjild.

De lytse húskes binne yn de jierren 50 grutter makke en wurde no benammen bewenne troch studinten. Yn ien diel meie noch altyd allinnich mar froulju wenje.

Oare tradysjes wurde ek safolle mooglik yn stân hâlden. Sa waard eartiids ien kear yn in jier in ko slachte by it gasthús en yn 28 stikken ferdield: de bewenners krigen dan in fleispakket. Noch altyd krije de bewenners in pakket mei ûnder mear rollade en byfstik, al komt dat no by de slachter wei.

Boon wol ek benammen de kacheltsjes en de kasten lokalisearje. It slot hat mei dit kacheltsje no in tredde derby. "Nee, we hoeven ze niet allemaal terug, het slot is groot maar dat past hier niet. Maar het zou mooi zijn als mensen zich bewust zijn waar ze vandaan komen en ze dus niet bij het vuilnis terechtkomen."

Poptaslot hat in âlde kachel werom

As minsken tinke dat sy in kacheltsje of in kast yn hûs ha fan it Poptagasthûs kinne se kontakt mei de slotbewarder opnimme fia dizze webside.