Moskeefoarsitter stimde oait sels PVV, mar is no skrokken: "Allah wit it it bêste"

Foarsitter Slimane Elhilmi fan de El Fath-moskee op It Hearrenfean © Omrop Fryslân

De Islamityske mienskip skrikt fan de ferkiezingsútslach: der is soarch oer PVV-stânpunten lykas it ferbieden fan de koran, moskeeën en holdoekjes. Dochs hat de foarsitter fan de moskee op It Hearrenfean oait sels ek ris op de PVV stimd.

Slimane Elhilmi fan de El Fath-moskee op It Hearrenfean fertelt dat er wol ferbjustere wie troch de earste útslaggen.

"Ik siet op dat stuit thús, ik hie de hiele dei oan it wurk west. Stadichoan kamen de exitpolls yn byld en dan sjogge je dat de PVV de grutste is. De earste reaksje wie in shock: wat is dit no? Oan de oare kant ek in berêsting."

Slimane Elhilmi yn de El Fath-Moskee op It Hearrenfean (argyffoto) © Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Elhilmi hat earder wolris op Wilders stimd. "Omdat hy ek wol goede punten hat. Nederlân moat op ien. Ik bin ek ien fan de Nederlanners. It moat betelber wêze en we meie allegearre wol in bredere beurs hawwe, sa't it eartiids wie. Miskien wurdt it net wer sa as doe, mar litte we wol mei ús allen stride om dy kant op te gean."

Oare stânpunten

Soarch en húsfêsting binne bygelyks ek wichtige spearpunten fan in partij as de PVV, neamt Elhilmi. Yn in bloeiend lân as Nederlân soene de ynwenners op it earste plak komme kinne. "Wat we dan ekstra hawwe, dat moatte we dan diele mei earmere minsken. Dat is ek ús leauwen."

Moskeefoarsitter skrokken fan ferkiezingsútslach

Mar dizze kear hat er net PVV stimd: want in partij dy't minsken útslút, dat fynt er dochs net passen yn in multykulturele mienskip. Om deselde reden hat er syn stim ek net oan DENK jûn, in partij mei in grutte efterban yn de moslimmienskip.

Gjin utsluting

"As DENK de grutste wurde soe, dan soe dat my ek in wrang gefoel jaan. Wy libje hjir yn in multykultureel lân. Dat moat sa bliuwe. In partij dy't oaren útslút moat net oan de macht komme", seit Elhilmi resolút.

Dat Wilders him sa tsjin alle uteringen fan de islam keart, begrypt Elhilmi ek net. "Hoefolle lêst hawwe je der no fan as in frou in holdoek op hat? En de moskee yn dizze prachtige buert, neffens my hat gjinien der hinder fan. Wat is it probleem?"

Oan de iene kant sis ik: it is gewoan sa. Berêsting. Mar oan de oare kant is it pynlik, want wy dogge út stjonkende bêst om der by te hearren.
Slimane Elhilmi

Dochs kleure gemeente Hearrenfean PVV-ljochtblau op de ferkiezingskaarten. "Oan de iene kant sis ik: it is gewoan sa. Berêsting. Mar oan de oare kant is it pynlik, want wy dogge út stjonkende bêst om der by te hearren. Ik betelje myn belesting, ik stean op 06.00 oere op om nei myn wurk te gean."

De útslach joech Elhilmi dêrom wol it gefoel dat in grut part fan de minsken derfoar stimd hat dat er net wolkom is. "Dy binne tsjin my, sa fielt dat in bytsje."

De moskeefoarsitter wie noch mar twa jier âld doe't hy mei syn heit en mem op It Hearrenfean kaam. Hy is no 44 jier, hat in frou en trije bern en praat kreas Frysk.

Wichtige rol fan de moskee

Just de moskee spilet in wichtige rol yn it begelieden fan nije Nederlanners. "Yn ús mienskip sitte ek asylsikers. Wurde dy nijkommers no útsletten? Wy dogge ús bêst om harren derby te belûken en sjen te litten hoe't it libben is yn Nederlân."

Slimane Elhilmi (argyfbyld) © Omrop Fryslân

By it freedsgebed sil stilstien wurde by de soargen. De imam ropt op om de frede te bewarjen, seit Elhilmi. "Bliuw rêstich, der is neat oan de hân. Doch wat jimme altyd dogge en bliuw freedsum nei de buorlju. Der is neat feroare."

Hoop op in posityf ein

It boadskip is ek om hâldfêst hâlde te bliuwen. "God of Allah wit it it bêste en dy hat it bestimd foar ús moslims dat it sa wêze moat. Miskien komt eltsenien der better út."

© Omrop Fryslân, Ronnie Porte

De tiid moat soks leare, jout de foarsitter oan. "Wy hawwe de lêste tiid net in soad lêst fan rasisme of diskriminaasje. Ik kin yn myn gewaad gewoan nei de winkel ta, minsken fine it just moai om te sjen." Elhilmi hopet dan ek dat der ek wat posityfs út fuortkomme kin.

"In soad minsken tinke fan in donker skaad, mar miskien krijt eltsenien aanst just wol respekt foar inoar. Miskien kin menear Wilders net safier komme dat moskeeën slute moatte, om't Nederlanners tinke: wêrom? It is krekt in tsjerke, in freedsum en rêstjouwend plak. Hoe't Wilders dat ûnderfynt, as in min plak, dat is hielendal net sa."