Liveblog | 24 novimber 2023

112-nijs 24 novimber: Allinnich nok mûne Holwert skansearre rekke by brân

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 24 novimber 2023, 22:17
22:17

Bylden fan de brân fan earder fannejûn yn Holwert

22:11

Spesjale ienheid plysje docht ynfal yn Drachten

De Ondersteuningsgroep Noord-Nederland, in spesjale ienheid fan de plysje, hat hjoed in ynfal dien yn Drachten. De ynfal wie nei oanlieding fan stellerij fan wetterpompunits.

Ien fertochte is oanhâlden en oerbrocht nei it sellekompleks yn Ljouwert. De fertochte waard ferhearre en dêrnei wer frijlitten.

21:05

Allinnich nok mûne Holwert skansearre

By de brân yn de Miedenmolen yn Holwert is allinnich de nok skansearre rekke, meldt de brânwacht. It sein 'brand meester' is yntusken jûn.

Der ûntstie brân yn de mûne troch in bliksemynslach.

20:41

Treinen ride wer

De problemen troch de bliksemynslach binne foarby. De treinen ride wer tusken Grins en Ljouwert.

20:26

Auto yn de sleat by Tsjummearum

Der is in auto yn de sleat bedarre op de Sytzemaleane yn Tsjummearum. De ynsitters rekken foar safier bekend net ferwûne. Wêrom't de auto krekt te wetter rekke, is net dúdlik.

Auto yn de sleat © CAMJO Media
19:37

Brân yn mûne noch net út