Súdwest-Fryslân hakket knoop troch: flechtlinge-opfang komt oan eastkant Harinxmapark yn Snits

It hjoeddeiske azs ferdwynt yn 2026 © Omrop Fryslan

De nije opfang foar flechtlingen yn Snits komt op de eastkant fan it Harinxmapark. Dat hat de gemeenteried fan Súdwest-Fryslân tongersdei besletten.

De gemeente wol op de râne fan de rûnwei in nije opfang foar asylsikers delsette. Dy plannen lizze der om't it besteande azc yn de Noarderhoek ticht moat.

Guon omwenners binne net bliid mei de lokaasje. Der wurdt opnij keazen foar in lokaasje yn it noarden fan Snits. Sy fine dat in oar plak no oan bar is en hienen dêrom in petysje oanbean oan boargemaster Jannewietske de Vries. De petysje hat der dus net foar soarge dat de plannen tsjinholden waarden.

Yn 2026 moat de opfang foar 450 flechtlingen iepene wurde.