Nationaal Park de Alde Feanen wol grinzen figuerlik ferlizze en modern park wurde

De Alde Feanen © Omrop Fryslân, Remco de Vries

Nationaal Park de Alde Feanen wol de kommende jierren de figuerlike grinzen fan it natuergebiet ferlizze. Dat stiet yn de takomstfyzje dy't foar de kommende jierren útskreaun is.

De Nasjonale Parken yn Nederlân moatte ferstevige wurde, dy opdracht joech it Ryk koartlyn mei oan de bestjoeren fan de parken. "Wy gean mei in soad entûsjasme oan de gong foar in better natuerpark", seit bestjoerder Oeds Westerhof. "Wy wolle de kommende jierren it park better oan de man bringe en de ferbining mei de mienskip sykje."

Op in oare wize nei natuer sjen

It bestjoer stelt in rapport op ûnder de namme Wetter en Moar. It bestjoer sjocht dêryn op in oare manier nei it natuergebiet. "Wy tinke by in natuergebiet gauris oan hikken en drege teoryen mar dêr wolle wy oerhinne stappe."

Gearwurkje is de oplossing
Oeds Westerhof, bestjoer Alde Feanen

De Alde Feanen moat gearwurkje mei lânbou en de minsken dy't der yn wenje. "Wy meitsje mei ús allegear dit gebiet. Dat wolle wy better op de kaart sette. Sûnder de boeren binne we nearne en dat is oarsom ek sa. Gearwurkje is de oplossing."

Bern tekenje litte

It bestjoer stelt yn it rapport ek foar om de ferbining te sykjen mei meardere groepen yn de mienskip. "Wy ha bygelyks in projekt rinnen mei bern fan de basisskoalle", seit bestjoerder John Haitsma. "De bern tekenje oer de natuer en lizze út wat sy fan de natuer fine. Dat binne fan dy projekten dy't wy wichtich fine."

Alde Feanen © Wikipedia Commons

Der is al skoften in fyzje foar de Alde Feanen, mar dochs wol it bestjoer it park better oanpasse oan de klimaatferoarings. "Je sjogge dat der mear wetter yn dit gebiet falt en wy moatte ús dêr op oanpasse", seit Oeds Westerhof. "It is dan ek wichtich dat wy in fyzje útstippelje oer hoe't wy dêr mei omgean wolle."

Jild fan it Ryk

Fraach is wol hoe realistysk de plannen binne. Deputearre Matthijs de Vries sit ek oan tafel by de gearkomste en sjocht ek krityske punten. "Dit rapport liket in soad op besteande plannen foar de feangreide. Ik tink net dat dit rapport nei it ministearje fan Lânbou, Natuer en Fiskery kin."

It bestjoer fan de Alde Feanen wol de kommende moannen it rapport better meitsje, mar rekket net yn panyk fan de opmerking fan De Vries. "It Ryk hat ús frege om it park te ferbetterjen en wy tinke dat op dizze wize te dwaan", seit Westerhof. "Wy tinke dan ek dat it jild komme kin. Dat is wichtich foar de generaasje nei ús dat ek fan it park genietsje wol."