HEA! De skouders ûnder it korps

HEA! 140 jier blaze by De Bazuin

'De skouders ûnder ús korps' wurde se neamd, Jabik Struiksma en Klaas Bonnema spylje beiden al 70 jier by muzykferiening De Bazuin yn Tsjummearum. De kornet en de bariton ha yn al dy jierren hiel wat feroarings meimakke, mar de wille fan it spyljen, is altyd bleaun.

De muzikale genen fan de mannen binne trochjûn, ferskate bern en bernsbern spylje no ek by De Bazuin. Mar dêrneist binne de mannen ek noch sweagers en wenje se al 40 jier neist elkoar. It blazen giet noch altyd bêst, beiden hoopje by sûnwêzen it 100-jierrich jubileum fan de muzykferiening yn 2025 mei te belibjen.