IM easket beropsferbod en seis moannen sel tsjin skipper fan Risico fanwegen dea Tara

De Risico © Hajo Olij

It Iepenbier Ministerie hat foar de rjochtbank fan Ljouwert in beropsferbod en in selstraf fan seis moannen easke foar de skipper fan it sylskip Risico fanwegen de dea fan de 12-jierrige Tara yn 2022. It beropsferbod soe neffens it IM foar twa-en-in-heal jier wêze moatte.

Tara kaam om it libben doe't sy beknypt rekke ûnder in ôfbrutsen gyk.

Justysje leit de skipper 'dea troch skuld' as lêst en stelt dêrnjonken dat hy 'verwijtbaar en nalatig' hannele hat. De offisier fan justysje sei mei klam dat in skip foldwaan moat oan alle easken. "Hij heeft het nooit gewild, toch reken ik het hem aan."

De behanneling fan de saak naam de hiele dei yn beslach. Yn de rjochtbank wienen sawol de skipper as de âlden fan de omkommen Tara oanwêzich. Beide partijen kamen oan it wurd.

De offisier fan justysje ferwyt de skipper dat hy earnstich neilittich hannele hat. Foar langere tiid hie hy de feiligens net op oarde. Net allinnich om't hy sûnder jildige sertifikaten fear, mar ek om't oare saken oan board ek net yn oarde wienen. Sa wie der bygelyks al in heal jier gjin jildich sertifikaat foar de brânblussers.

Byld fan de rjochtsaak

Eins wie it in maklike tocht, sa ferklearre skipper V. Mei de wyn yn de rêch farden se nei Flylân. "Het was een eenvoudige zeildag, met maar één manoeuvre." Dat wie yn gyp om de slach nei Flylân te meitsjen.

De skipper stelt dat hy gjin flaters makke hat: "Het was een gecontroleerde gijp, volgens het boekje." Hy wie dan ek folslein fernuvere dat de gyk bruts.

'Gegil'

De skipper koe fuortendaliks sjen dat de gyk brutsen wie. "Toen hoorde ik gegil en wist ik dat het mis was." In oar bemanningslid besocht fuort Tara earste help te ferlienen. "Hij is vrijwilliger bij de brandweer. De kinderen zijn naar binnen gestuurd."

Nei in kertier wienen de helptsjinsten oan board, sy namen de reanimaasje oer. Nei in skoftke waard dúdlik dat Tara net mear te rêden wie, sa die bliken út it ferhaal fan de skipper foar de rjochtbank. "Toen kwam het nieuws dat de reanimatie gestopt was. Dat was geen goed nieuws."

Wynskuor fan de Risico © Onderzoeksraad voor de Veiligheid

In tsjûge stelt dat hy yn de wike foarôfgeand oan it ûngemak by in oare skipper oanjûn hat dat de gyk fan de Risico trochbûgde. Dy oare skipper fûn dat lykwols gjin reden om aksje te ûndernimmen, sa docht no bliken. Risico-skipper V.: "Die vraag krijg je altijd. Ik heb het achteraf met hem besproken en hij zei dat hij het niet anders had opgevat dan andere vragen, zoals bijvoorbeeld over de zwaarden."

Kontrole gyk

De gyk waard neffens V. geregeld kontrolearre. "Dat gaat visueel, ook die dag nog." Mei in skroevedraaier die hy dat ek: "Maandelijks, tweemaandelijks. Dan ging ik bij de giek langs." In oare skipper hie ek al by de gyk del west. Hy hie sjoen dat der ferkleuringen yn sieten. Dy oare skipper stelt dat hy mar fjouwer meter kontrolearre hat en ophâlden is om't der in buorrel wie op it skip.

V.: "Ik heb met een schroevendraaier wel geprikt in de verkleuringen. Het hout was daar niet zacht."

It skip hie op it momint fan it ûngemak gjin jildige sertifikaten foar de tugaazje. De jildichheid rûn ôf op 17 juli 2022. "Ik heb daar overheen gelezen", stelt V. "Ik heb voorafgaand aan het vaarseizoen de certificaten wel gelezen. Ik heb toen gezien dat ze nog geldig waren en aangenomen dat het goed was."

De rjochtbank wiisde V. der op dat de eindatum fetdrukt op de papieren stiet. Dêrop sei de skipper: "Ik heb het niet gezien."

10 moannen sûnder jildich sertifikaat

De offisier fan justysje makke dúdlik dat it net de earste kear is dat de skipper sûnder jildige papieren oan it farren wie. "Het certificaat daarvoor was geldig tot 31 maart 2019. Daar zit een periode van tien maanden tussen zonder geldig certificaat." Dêr hie de skipper gjin antwurd.

De keuring wie op 7 jannewaris 2020 dien op in werf. De kontroleur dy't belutsen wie, is gjin ûnbekende fan de skipper. Hy wie al faker oan board fan it skip west.

De kontroleur ferklearre dat hy net sjoen hie dat der in wynskuor yn de gyk siet. Ofwikings dy't der earder wiene, wiene prima oplost. V.: "Ik heb eerder een giek vervangen. Die had ik zelf gecontroleerd en daarbij had ik ook mankementen gevonden. Dat geldt ook voor de mastvoet. Door prikken en kijken vind je wel eens wat, al geeft het geen 100 procent uitsluitsel."

TNO

Undersyksburo TNO hat nei it ûngemak de gyk ûndersocht. Dêrby waarden twa skuorren fûn op it plak dêr't de brek ûntstean is. Op in foto dy't it wykein foar it ûngemak makke is, is net te sjen dat de mêst oantaaste is. Al wurdt dúdlik dat de mêst fan binnenút trochrotte is.

Nei oanlieding fan in oar ûngemak - mei it skip de Amicitia, derby't trije minsken om it libben kamen - binne der binnen de brune float noarmen opsteld. "Daar wist ik niet van", seit V. "Ik betreur het dat ik dat niet eerder gezien heb. Blijkbaar is de verspreiding van die folder niet dusdanig geweest dat het mij bereikt heeft."

Tsjûge fan it drama op de Amicitia

V. seit dat hy belutsen wie by it ûngemak op de Amicitia. Hy wist dat der in ûndersyk rûn nei dat ûngemak, mar net dat dat dien waard troch de Onderzoeksraad voor Veiligheid.

V. is net lid fan de brânsorganisaasje BBZ. "Ik vond dat ze alleen maar opkwamen voor de belangen van de grotere schepen. Ik zag geen reden om lid te worden." Advokaat Tjalling van der Goot heakke dêr oan ta: "60 procent van de schippers is niet aangesloten. De aanbeveling is niet gedeeld onder niet-leden."

Slachtofferferklearing

It gemis fan Tara is grut. Foar har âlden bliuwt allinnich in 'groot zwart gat' oer. Yn in emosjonele ferklearring fertelden se oer de dagen foarôfgeand oan it ûngemak. Oer de lêste tút foar't se ôfreizge foar de sylreis, de lêste foto. Oer hoe't se op de hichte brocht waarden troch de plysje en har weromseagen yn it sikehûs fan Drachten.

De 12-jierrige Tara © Foto famylje

"Het is niet te bevatten. Dat is het nog steeds niet", sei de mem fan Tara. "Er mist één en dat doen zo'n pijn."

Beropsferbod skipper

"Als iedereen zijn verantwoordelijkheid had genomen, was het nooit gebeurd", sei de mem. Dêrop rjochte sy har streekrjocht ta de skipper. "Jij neemt die (verantwoordelijkheid) niet in onze ogen. Daarom vragen wij een beroepsverbod. Wij hebben van jou levenslang gekregen, ook jij moet dat krijgen. Dus dat je nooit meer vaart."

Wat de âlden ek skokt hat, is dat de skipper koart nei it ûngemak al wer mei passazjiers foer. "Het ongeluk was geen reden voor jou om je te bezinnen. Je voer weer toen je certificaten weer in orde waren."

Traumapsycholooch

De skipper sels seit dat hy net oars koe. "Het is mijn broodwinning. Het was niet prettig. Ik moet ook iedere dag meedragen wat er gebeurd is." Hy rint ek by in traumapsycholooch. "Die helpt mij ermee om te gaan."

Hy hat wol oerweage te stopjen, sa ferklearret er. It wie allinnich net it goede momint om nei sa'n barren sa'n beslút te nimmen. Hy fielt dat hy no hieltyd ûnder in fergrutglês leit: "Ik denk nu drie keer na over een beslissing. De factor angst is enorm toegenomen."

Advokaat Tjalling van der Goot stelt dat wol dúdlik is dat de gyk brutsen is troch houtrot. Dat hy net wist fan de noarm yn de brâns is net nuver. It grutste part fan de skippers is net lid fan de BBZ, de feriening foar Beropssjarterfeart.

Net lakonyk

Neffens Van der Goot is V. in skipper dy't wol each hat foar de feiligens en ek ferantwurdlikens nimt foar syn skip. Fan in lakonike hâlding sa't it Iepenbier Ministerje oer docht kommen is gjin sprake.

Neffens Van der Goot hat syn kliïnt alles dien om de gyk te kontrolearjen.

Oant 10 telle

Van der Goot fynt dat minsken en ynstânsjes earst ris oant 10 telle moasten foar't se in oardiel joegen oer it ûngemak. Sa hellet de advokaat út nei boargemaster Ina Sjerps fan Harns dy't al gau sei dat it ûngemak 'gjin ynsidint' wie. Mar ek nei de Onderzoeksraad voor Veiligheid dy't al nei in pear dagen it nijs brocht dat de gyk rot wie.

Van der Goot bestriidt ek dat syn kliïnt 10 moannen sûnder jildige papieren omfard hat. "De nieuwe norm voor een keuring van één keer in de twee-en-een-half jaar is pas in 2018 ingevoerd. Dan zou die aflopen eind 2019 en dan varen ze niet meer."

Boppedat, sa stelt Van der Goot, kin je net stelle dat it ûntbrekken fan sertifikaten de oarsaak wie fan it ûngemak. "Die houtrot was al jaren bezig." Van der Goot tinkt dat it sels mei in goede keuring dreech wêze soe de houtrot yn de gyk te finen.

Frijspraak

Van der Goot pleitet foar frijspraak. Neffens him is der gjin bewiis foar de oanklacht fan de offisier fan justysje. Hy hellet ek de saak fan de Amicitia oan. Oan board foelen doe trije deaden. De skipper dêr waard frijsprutsen. It easke beropsferbod is der neffens Van der Goot ek fier by troch. It waard foar it earst op de sitting nei foaren brocht en it is foar syn kliïnt net mooglik him dêr tsjin te ferdigenjen.

Lêste wurd

It lêste wurd wie oan de skipper. "Niemand heeft dit gewild", seit V. "Ik draag al die gevoelens dagelijks met mij mee. Het liefst was ik verdwenen." As de âlden kontakt mei him opnimme wolle of fragen ha, dan stiet hy dêrfoar iepen.

De útspraak is oer trije wiken, op 14 desimber.