Sylla keart nei in reis fan mear as 25.000 kilometer werom yn de basis by Cambuur

Sekou Sylla © Dijks Fotografie

Sekou Sylla en Roberts Uldrikis keare werom yn de basis fan SC Cambuur foar de wedstriid tsjin VVV-Venlo. It twatal miste it lêste duel mei Roda JC fanwege ynterlâns.

Trochdat de ynterlângongers werom binne, ferhúzje Thomas Poll en Wiebe Kooistra wer nei de bank. Fierder hâldt trainer Henk de Jong syn team yntakt. Dat betsjut dat efteryn Floris Smand dus wer de foarkar krijt boppe Marco Tol.

De iene ynternasjonal fan Cambuur hat nochal in oare wike hân as de oar. Uldrikis spile sneon yn Letlân en tiisdei yn Poalen. Sylla is ynternasjonal fan Guinee en gie ferline wike earst fan Nederlân út nei Marokko. Dêr spile er tsjin Oeganda.

Druk op spieren

Fan Marokko út gie Sylla ôfrûne tiisdei nei Francistown, de haadstêd fan Botswana. Nei in 1-0 nederlaach fleach de ferdigener in dei letter mei it team werom nei Etiopië. Tongersdei fleach er werom nei Nederlân.

Henk de Jong is dúdlik: Sekou Sylla spilet gewoan nettsjinsteande syn lange reis

Al mei al hat Sylla mear as 25.000 kilometer reizge yn in goeie wike tiid. En dochs kent De Jong gjin twivel. "Dy spilet gewoan. Hjoed bliuwt er thús en dan geane we moarnier 'spanning meitsje'. Dat is druk sette op de spieren foar in wedstriid."

VVV-Venlo

De ynspiraasje foar dat 'spanning meitsje' hat De Jong opdien yn syn tiid by sc Hearrenfean. "Henk Heising (dy't lang kondysjetrainer by Hearrenfean wie, red.) hat my dat leard. Gertjan Verbeek en Foppe de Haan diene dat ek altyd. En dan kin Sekou dus moarntejûn gewoan spylje."

VVV-Venlo is freed de tsjinstanner. De Limboargers steane ien plak ûnder Cambuur. "It sit hiel ticht byinoar", seit De Jong. "Kinst sa in pear plakken omheech gean, mar ek nei ûnderen. It binne wol hiel moaie en wichtige wedstriden."

Floris Smand is Marco Tol no efkes foarby by Cambuur, fertelt Henk de Jong

Lykas in moanne lyn foar de útwedstriid tsjin MVV Maastricht giet de seleksje fan Cambuur freedtemoarns al fuort. Tuskentroch ferbliuwe spilers en stêf dan in pear oerkes yn in hotel, om foar te kommen dat it in tige lange busreis wurdt yn de freedtemiddeispits.

It kostet de klup jild, mar De Jong is bliid dat hjirfoar keazen is. "We geane moai op tiid fuort, we wolle net yn de files sitte."

De wedstriid tusken VVV-Venlo en SC Cambuur begjint freedtejûn om 20.00 oere. It is live te folgjen by Omrop Fryslân op 'e radio yn in ekstra sportprogramma. Sportferslachjouwer Andor Faber fersoarget it kommentaar.

Sneon is yn it Cambuur Sjoernaal in wiidweidige gearfetting werom te sjen fan it duel.