Hearrenfean-West bêste plak foar nij azc, docht bliken út lokaasje-ûndersyk

© Omrop Fryslân

De lokaasje Hearrenfean-West soe it meast geskikt wêze foar in nij azc dat der lange tiid stean moat, dat docht bliken út lokaasje-ûndersyk fan de gemeente De Fryske Marren.

It ûndersyk fan de gemeente nei geskikte lokaasjes foar in azc, wie oant no ta net iepenbier makke. It is dêrtroch in tiid ûndúdlik west hokker oare lokaasjes troch de gemeente ûndersocht en ôffallen binne.

It COA hat in tekoart oan opfangplakken foar in langere termyn en hat dêrom de gemeenten De Fryske Marren en Hearrenfean frege om mei te wurkjen oan in permanint azc. Der soene 450 statushâlders opfong wurde moatte.

Grûn wie trochslach

De gemeenteried fan De Fryske Marren hat yn de riedsgearkomste fan 19 april it kolleezje frege in lokaasje-ûndersyk út te fieren. Ferskate lokaasjes binne ûndersocht, ûnder mear Balk, De Jouwer en De Lemmer.

Oan de hân fan kritearia út dat ûndersyk kaam nei foaren dat de lokaasje Hearrenfean-West it meast geskikt is. Dit gebiet leit by de wyk De Greiden en by de Engelenfeart en is foar it grutste part grûn fan De Fryske Marren. It kolleezje fan De Fryske Marren hat de gemeente Hearrenfean frege om mei-inoar op te lûken.

De trochslach foar it beslút wie de posysje fan de grûn, dy is al yn besit fan partijen dy't meiwurkje wolle oan de ûntwikkeling fan in wenwyk.

© Omrop Fryslân

De gemeente Hearrenfean hat yn totaal acht lokaasjes yn byld brocht en út eigen ûndersyk binne dêr trije plakken fan oerbleaun. Dat giet om de lokaasje Noordplot, Noordoost en it Fean plantsoen.

De oare plakken binne ôffallen om't se net beskikber, te djoer of te lyts binne. Op fersyk fan De Fryske Marren is de lokaasje Hearrenfean-West der as fierde bykaam.

Beslút yn it nije jier

It foarstel wurdt troch it kolleezje no nei de gemeenteried stjoert. De gemeenteried fan sawol De Fryske Marren as fan Hearrenfean moat noch in beslút nimme oer de komst fan in permanint azc. De beide gemeenten soene dat yn oktober al dwaan, mar de kolleezjes wolle mear tiid nimme om de ynformaasje te besjen en te analysearjen.

Ynwenners fan de gemeente krije foar dy tiid noch de kâns om yn te sprekken by in kommisjegearkomste. De gemeenteried fan Fryske Marren nimt sa as it no liket yn it begjin fan 2024 in beslút.