Aardema (PVV) út 'e skroeven mei winst: "Dit is geweldich, hartstikkene moai!"

Max Aardema (PVV) komt it Keamergebou binnen © ANP

Max Aardema (PVV) is út 'e skroeven mei de oerwinning fan syn partij: "Dit is geweldich, hartstikkene moai!" Hy stie op plak 19 en komt dus wis yn de Twadde Keamer. Syn reaksje wie lykwols net folslein neffens plan.

De partij fan Geert Wilders boekte woansdei grutte winst. De measte stimmen binne teld. De PVV komt út op 37 sitten, dêr't it yn 2021 noch 17 sitten krige. "Dit is wol boppe ferwachting."

Max Aardema koe noch krekt in momint fine om Omrop Fryslân te wurd te stean

De PVV'er út Drachten tinkt wol te witten wêrom't in soad minsken foar de PVV keazen hawwe. "Ik tink dat wy al jierren in konsistint lûd hearre litte. Minsken hawwe miskien tocht: 'wy moatte sa stadichoan mar ris op de PVV stimme'."

Yn Fryslân wie de PVV yn hast alle gemeenten de grutste. Dat is Aardema net ûntgongen. "Ik wol de kiezer lâns dizze wei tankje, ek yn Fryslân. Der binne plakken by dêr't hast de helte op ús stimd hat."

Myldere toan

Wilders hat him dizze ferkiezingsperioade mylder opsteld, mei it idee dat de partij meiregearje wol. "Wy ha altyd ús lûd wol hearre litten. Wy koenen noait meidwaan, mar no kinne wy net mear negearre wurde. Wy moatte ta in stabyl kabinet komme."

Aardema foar de kamera © ANP

Oer in mooglike koälysje of syn eigen rol yn in mooglik kabinet wol de Drachtster noch neat sizze. "Dat is no noch te betiid om dêroer te praten. Oer koälysjes wurdt al drok spekulearre, mar dêr kin ik neat oer sizze. Ik lit it oer oan Geert."