Boargers fiele har negearre yn proseduere azc’s: “Praten tegen een muur”

Tsjinstanners fan it azc mei ûnder mear Giorgio Melis (twadde fan links) © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Boargers dy't yn aksje komme tsjin de komst fan in azc fielle harren negearre troch de gemeenten yn de beslútfoarming. Dat sizze leden fan protestgroepen yn Rottum en Snits, twa plakken dêr't plannen lizze foar nij te bouwen azc's.

De Stichting Leefbaarheid Rottum e.o. en de groep besoarge bewenners fan Snits-Noard fine dat se net genôch dúdlikheid krije fan de gemeenten Hearrenfean, De Fryske Marren en Súdwest-Fryslân. De groepen ha fragen steld, petysjes start en brânbrieven skreaun oan de gemeenten.

De nije opfang foar 450 flechtlingen yn Snits komt by it Harinxmapark. Dat hat de gemeente Súdwest-Fryslân yn oktober bekend makke. It besteande azc yn de Noarderhoek giet yn 2026 ticht. De omwenners binne net bliid mei de nije plannen, om't der opnij keazen wurdt foar in lokaasje yn it noarden fan Snits.

Je kunt net zo goed tegen een muur praten.
Giorgio Melis, ûndernimmer

Besoarge bewenners fan Snits-Noard ha koartlyn in petysje mei 1.072 hântekeningen oanbean oan de gemeente Súdwest-Fryslân. Se ha ek in brânbrief nei de riedsleden stjoerd. Dêryn wurdt under oare frege hokker oare lokaasjes ûndersocht binne yn de gemeente en oft der genôch draachflak is under de direkte omwenners.

Wenningkrisis

Ynhâldlike antwurden ha de protestgroepen net krigen. "Je kunt net zo goed tegen een muur praten", seit Giorgio Melis. Hy is ien fan dy bewenners fan Snits-Noard, mar boppe-al in besoargde ûndernimmer.

In petysje tsjin it azc yn Snits-Noard © Omrop Fryslân

As makelder sjocht hy grutte problemen op de wenningmerk. "Mijn grootste zorg is de woningcrisis. In tijden van woningnood, waarbij bijbouwen de oplossing is, snap ik niet dat de gemeente een woonbestemming opoffert voor een nieuw te bouwen opvang voor asielzoekers".

Geskikte omjouwing

Melis seit mei klam dat hy net tsjin frjemdlingen is, hy komt sels ek út it bûtenlân. Mar yn it ramt fan te min wenningen foar eigen bewenners fynt hy de kar foar it Harinxmapark "onbegrijpelijk".

De gemeente hat de kar foar dy lokaasje makke om't it stik grûn al yn eigendom is fan de gemeente en der in wenbestimming leit. Dit jout de gemeente de mooglikheid om by de bou gryp te hâlden op de kwaliteit en leefberens fan de omjouwing. En de lokaasje leit ticht by foarsjennings sa as skoallen en supermerken.

Riedsleden bepale wat mei de brief bart

In wurdfierder fan de gemeente Súdwest-Fryslân seit dat der in ûntfangstbefêstiging fan de brânbrief stjoerd is nei de groep. Dêryn is oanjûn dat de brief ûnder de oandacht fan de riedsleden brocht wurde sil.

"Het is aan de raadsleden zelf wat ze ermee doen. Zij zijn niet verplicht om te antwoorden. Het kan goed zijn dat de raadsleden het meenemen in raadsvergadering", seit de wurdfierder.

Er wordt niet geluisterd naar 1072 mensen die 'nee' zeggen tegen deze plannen.
Giorgio Melis

De gemeente fynt it ferfelend dat minsken har net heard fiele om't der neffens har wol omtinken en romte west hat foar omwennenden om yn petear te gean oer de nije plannen.

Ynrinjûnen

Yn gearwurking mei it COA hat de gemeente Súdwest-Fryslân yn juny en septimber ynrinjûnen hâlden. De útkomsten dêrfan binne meinaam yn de oerwaging foar de lokaasje, skriuwt de gemeente op harren webside.

It plak dêr't it azc komme moat © Omrop Fryslân

Melis bliuwt ek nei de petysje teloarsteld yn de gemeente. "Er wordt niet geluisterd naar 1072 mensen die 'nee' zeggen tegen deze plannen", seit hy. "We overwegen juridische stappen."

Juridyske stappen

De Stichting Leefbaarheid Rottum e.o. hat al juridyske stappen naam tsjin de gemeenten Hearrenfean en De Fryske Marren. Fia in saneamd Woo-fersyk wolle sy mear ynsjoch yn de gemeentlike stikken oer de plannen foar in azc by Hearrenfean-West.

Op it grûngebiet fan De Fryske Marren tusken Rottum en It Hearrenfean moat in permaninte opfang komme foar 450 ta 600 asylsikers. Omwenners fine dat se net of te let op de hichte brocht binne fan dizze plannen.

Gemeente hie mear tiid nedich

Der is troch de gemeenten net keazen foar in draachflakûndersyk, mar der wiene ynringearkomsten as oare foarm fan partisipaasje, jout de gemeente oan.

Yn de fjouwer wiken fan de beslistermyn is troch de gemeenten oanjûn mear tiid nedich te hawwen. Yn de twa wiken dêrnei koe de gemeente ek gjin ynsjoch jaan, en binne sy dus oer de termyn hinne gean.

Petysje waard oanbean yn in kommisjegearkomste yn novimber © Omrop Fryslân

"Dat is niet alleen teleurstellend, maar ook een signaal hoe De Fryske Marren en Heerenveen met ons en hun burgers omgaan", seit Marleen Snider, wurdfierder fan de stichting.

"We hebben deze houding eerder gezien in de zomer toen er op strategische wijze, in de schoolvakantie, plots iets bekend werd over de plannen en er geen verdere communicatie meer was".

Gemeente De Fryske Marren jout oan dat sy wol besocht hawwe kontakt op te nimmen mei de advokaat fan de stichting, mar net fierder kamen as de sekretaresse: "Wij hebben haar uitgelegd dat we met het verzoek bezig zijn en dat we graag met de advocaat willen spreken over de termijnen. Zij heeft toegezegd de advocaat hierover te informeren."

De gemeente Hearrenfean hat oanjûn ek kontakt te sykjen mei de stichting om mear útlis te jaan oer wêrom it lang duorret.

Yn gebrek

Om't de gemeenten net útlein ha wêrom se de stikken net oanleverje kinne, stelt de advokaat fan de stichting de gemeenten yn gebrek. As de gemeente yn twa wiken gjin ynsjoch jout, wol de stichting de saak by de rjochtbank yntsjinje.

De Fryske Marren stelt dat sa'n fersyk hiel mânsk is en it harren dus net slagget om binnen de juste termyn oan it fersyk te foldwaan. "Daarnaast moet er nog een zienswijzemogelijkheid worden gegeven aan derde belanghebbenden", seit de gemeente.

De gemeente Noardeast-Fryslân hat wol keazen foar in draachflakûndersyk ûnder har ynwenners. Sy krije dizze wike in list mei fragen, sadat de gemeenteried achterhelje kin hoe de bewenners tinke oer in opfang fan maksimaal 250 asylsikers yn Dokkum.