Wat betsjut de oerweldigjende winst fan Wilders foar Fryslân?

Geert Wilders (PVV) © ANP

Nederlân is wekker wurden yn in nij polityk tiidrek: de PVV wint mei grut machtsfertoan de Twadde Keamerferkiezingen. Mar wat betsjut de oerwinning fan Geert Wilders spesifyk foar Fryslân?

It partijprogramma fan de PVV telt 46 siden. Yn it programma, mei de titel 'Nederlanders weer op 1', wurde de provinsje Fryslân en it Frysk net spesifyk neamd. Yn it programma fan Wilders komme de wurden 'platteland' en 'regio' ek net foar.

Fryske taal

Yn eardere programma's is lykwols wol it ien en oar te finen yn relaasje ta Fryslân. Sa stiet bygelyks yn it programma fan 2012 in passaazje oer de Fryske taal. Dêryn wurdt sein dat it Frysk syn plak yn it iepenbiere libben hâlde moat.

Wilders presintearre yn 2011 yn Sint Nyk de PVV-kandidaten foar de Steateferkiezingen © ANP

Twa jier lyn stie noch yn it programma: "Onze taal is Nederlands (en Fries), dus geen overheidsinformatie in het Arabisch of Turks."

It ljipaaisykjen

Dêrneist beneamde de PVV yn 2012 en 2010 eksplisyt it ljipaaisykjen. Lyk as it karnaval yn Limburch soe der ek foar in lokale tradysje as it ljipaaisykjen yn Fryslân 'respekt' wêze moatte. In oerheid mei dêr wat Wilders oanbelanget net oan toarne.

Asylstop en gjin spriedingswet

De PVV hat in soad omtinken foar de tema's asyl en migraasje. De partij fynt dat 'Nederlân wer foar de Nederlanners wurde moat'. De grinzen moatte ticht foar migranten, ek foar minsken dy't foar in oarloch flechtsje of dy't polityk ferfolge wurde.

Wilders pleitet foar in 'asylstop' en yn de wei dêrhinne maatregels om ynstream fan asylsikers en migranten te beheinen. "Asielzoekers doen zich op luxe cruiseschepen tegoed aan gratis heerlijke buffetten, terwijl Nederlandse gezinnen moeten bezuinigen op boodschappen", skriuwt de PVV.

Wilders op syn ferkiezingsposter © ANP

Nederlân 'pûlet út' fan de azc's, fynt Wilders. De partij is ek net foar in spriedingswet, troch de PVV 'dwangwet' neamd. Gemeenten moatte net twongen wurde kinne om asylsikers op te fangen.

Wynmûnen

Fierder keart de PVV him tsjin wynmûnen, dy't neffens Wilders "gedrochten in ons mooie Nederlandse landschap" binne. Hy neamde dêrby in tal foarbylden, wêrûnder de mûnen "op mooie plekken in Friesland." Hy fynt dat se op subsydzje draaie en it lânskip bedjerre. "Stop met die nutteloze linkse hobby", seit Wilders.

De stânpunten yn dit oersjoch komme út de ferkiezingsprogramma's fan de PVV. Sa'n programma is foaral in winskelist. Lykas by oare partijen is it altyd de fraach hoe realistysk dy plannen binne: ideeën moatte yn de praktyk ek helber en betelber wêze.

Wilders wegere syn programma trochrekkenje te litten troch it Centraal Planbureau (CPB). Mei sa'n trochrekkening plúzje rekkenmasters nei hoe't de ferkiezingsbeloftes útpakke foar de skatkist fan it Ryk. It jout ynsjoch yn de helberens fan plannen.

De PVV hat de finansjele plannen net útwurke, wylst der wol tal fan djoere ideeën yn steane. Wilders wol ophâlde mei "allerlei onzinnige subsidies", ûntwikkelingshelp en jild ôfdrage oan de EU. Dêrmei wol de PVV jild besparje, mar eksakte sifers ûntbrekke. Troch it net trochrekkenje te litten, bliuwe finansjele en ekonomiske konsekwinsjes ûndúdlik.

De PVV wol ophâlde mei it gasfrij meitsjen fan huzen. De PVV fynt just dat gas de meast skjinne fossile brânstôf is. Dêrby oanslutend jout PVV Fryslân oan tsjin wyn- en sinneparken te wêzen, útsein as in boer dy bygelyks sels op syn hiem pleatse wol.

Gaswinning út Noard- en Waadsee

Dat de gaswinning yn Grinslân ophâldt, fynt de PVV goed. Mar yn stee dêrfan moat der neffens de PVV mear gas en oalje wûn wurde op de Noardsee. De PVV is ek net tsjin gaswining ûnder it Waad.

Koale- en gassintrales moatte iepenbliuwe en de PVV wol ek fluch nije kearnsintrales bouwe. It hjoeddeiske klimaatbelied fynt de PVV "miljardenverspilling" en de wetjouwing op dit mêd moat "direct door de shredder."

Stikstofregels skrasse

Wilders fynt dat de stikstofregels skrast of op syn minst ferromme wurde moatte. It stikstoffûns moat fan tafel. "Onder het mom van een niet-bestaand stikstofprobleem worden hardwerkende boeren vakkundig de nek omgedraaid", stiet yn it programma.

Geert Wilders yn de Twadde Keamer © ANP

De PVV wol gjin "onzinnig stikstofbeleid", mar takomstperspektyf en in earlike priis foar boeren. "Het is een totale hetze geworden. De PVV zegt heel duidelijk: nee, wij willen niet minder boeren, maar een einde aan de boerenhaat."

De provinsjale fraksje PVV Fryslân slút him dêrby oan en wol dat it tal Natura 2000-gebieden fermindere wurdt. Dit binne natuergebieten dy't nei't se oanwiisd binne neffens Europeeske regels beskerme wurde moatte. Dat betsjut ek dat de stikstofdelslach dêr net te grut wêze mei.

Doarpen berikber, mar gjin Lelyline

De PVV wol ophâlde mei it útklaaien fan it iepenbier ferfier en it skrassen fan buslinen yn de doarpen. De kosten foar de automobilist moatte omleech, wat ûnder oare betsjut dat de wegebelêsting net fierder ferhege wurde mei.

It ferkiezingsprogramma fan de PVV seit net in soad oer it spoar. Wilders fynt dat it iepenbier ferfier tagongklik en betelber wêze moat en de PVV wol dat de NS en ProRail yn ien grut Nederlânsk spoarbedriuw komme. Mar Wilders skriuwt neat oer de Lelyline, it plan foar in spoar tusken de Rânestêd en Grinslân dat foar in part ek troch Fryslân rint.

Nei 13 jier krijt Nederlân in oare premier © ANP

De provinsjale fraksje fan de PVV hat de Lelyline wól neamd yn it programma foar de Steateferkiezingen. PVV Fryslân fynt dat it Noarden tefolle ynleverje moat mei de Lelyline, "dy't it lânskip trochkruse en fersteure sil."

PVV Fryslân is dêrmei ek tsjin it 'Deltaplan foar it Noarden', dat de oanlis fan de Lelyline kombinearje wol mei huzebou. "Wy wolle Fryslân net opofferje om de problemen fan de Rânestêd en loftse politisy op te lossen."

Friezen foarrang by nijbou

PVV Fryslân neamt it Deltaplan in "healwiis plan", mar sy wolle wol mear huzen bouwe. De Fryske fraksje fynt dat nijbou der allinne wêze moat foar Friezen en Friezen om utens. De 17.500 huzen dy't der oant 2030 nedich binne, moatte foar de eigen Fryske befolking reservearre wurde.

Wilders wol mear betelbere wenromte, foaral sosjale hier, middenhier en keaphuzen. De hierprizen moatte omleech en gemeenten moatte flugger fergunningen jaan.

Wilders yn jannewaris op besite by PVV Fryslân © @geertwilderspvv

De PVV fynt dat alle stêden en doarpen der wol "een straatje bij" krije kinne. Dus ek bûten de stêden moatte der huzen by. PVV Fryslân wol safolle as mooglik yn de stêden en doarpen bouwe, allinne as dat net slagget bûten de beboude kom.

Gjin sluting streeksikehuzen

De partij fan Wilders fynt it net goed dat streeksikehuzen slute en der hieltyd mear soarch út de sikehuzen ferdwynt troch konkurrinsje. Trochdat de soarch tefolle útklaaid is, binne neffens de partij essinsjele ôfdielingen as de spoedhelp en intensive care yn de ôfrûne jierren ûnnedich sletten.

De PVV wol dêrom de akute soarch út de merk weihelje en it just betelje op basis fan de beskikberensbydrage, in soarte fan subsydzje. Fierder wol de de partij fan Wilders jild frijmeitsje om personielskrapte wei te wurkjen.