Liveblog | 23 novimber 2023

112-nijs 23 novimber: Man (18) út Waadhoeke dea fûn | Feardaam Holwert freedtemoarn tydlik ticht

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 23 novimber 2023, 20:53
20:53

Automobilist botst tsjin beam

In automobilist is tongersdei op de Scheiding by Surhústerfean tsjin in beam op riden. De bestjoerder is neffens in korrespondint mei in ambulânse oerbrocht nei it sikehûs. Hoe't it ûngelok barre koe, is net dúdlik.

19:15

Brommobylbestjoerder hat gjin rydbewiis en fiert toanielstikje op

De plysje yn de gemeente Noardeast-Fryslân hat de brommobyl fan in man sûnder rydbewiis yn beslach naam.

Nei in ferkearsoertrêding waard de man oan de kant set yn Twizel. Dêr die bliken dat de man gjin rydbewiis hie en al faker sûnder papieren fan de dyk helle wie. De plysje naam dêrom syn brommobyl yn beslach.

De man bewearde by heech en by leech dat it oars siet. Syn rydbewiis soe gewoan thús lizze. Yn panyk belle hy 112: "Help my, help, kom gau, ik ha no plysje nedich! Dizze twa plysjeminsken snappe der neat fan."

Doe't de aginten oanbeanen om mei him nei hûs te riden om it rydbewiis op te heljen, die bliken dat it in toanielstikje wie. "Dat hoecht net hear, ik ha hielendal gjin rydbewiis."

19:01

Botsing op N7 by Snits

Op de N7 by Snits yn de rjochting fan De Jouwer binne tongersdeitemiddei twa auto's op elkoar botst. De foarste auto moast ynienen remje, mar de auto dêrefter hie dat net op tiid troch.

Twa persoanen binne behannele yn in ambulânse. Troch it ûngelok ûntstie der in aardige file op de dyk.

Helptsjinsten by it ûngelok © BTB Fotografie
17:03

Ek Amelân warskôget foar heechwetter

12:11

Feardaam Holwert moarnier ticht troch heech wetter

11:42

Plysje fynt man (18) út Waadhoeke dea yn Alkmaarske tún

© Shutterstock.com (Dutchmen Photography)

De plysje hat woansdeitejûn it lichem fan in 18-jierrige man út de gemeente Waadhoeke fûn yn in tún oan de Baansingel yn Alkmaar. It slachtoffer is ûnder fertochte omstannichheden oantroffen. De plysje is dêrom fuort mei in grut ûndersyk begûn.

Neffens de plysje hat der in konflikt west tusken meardere persoanen en der binne mooglik ek skotten heard. Letter op de jûn is in 58-jierrige man út Alkmaar oanhâlden. Dizze man sit noch fêst en syn belutsenheid wurdt ûndersocht.

De plysje seit dat der bylden sirkulearje fan de ferstoarne man en ropt op dizze bylden net online te fersprieden, út respekt foar de neibesteanden. Minsken dy't belangrike ynformaasje ha of kamerabylden út de omjouwing tusken 17.00 en 20.00 oere kinne kontakt opnimme mei de plysje.

Deade Fries fûn yn Alkmaar